Rekkenkeamer: gebietsteams Weststellingwerf binne oan fernijing ta

05 nov 2020 - 21:23

It belied fan de gebietsteams yn de gemeente Weststellingwerf binne nei fiif jier ta oan fernijing. Dat is de konklúzje fan de Rekkenkeamerkommisje, dy't foar de gemeenteried ûndersyk die nei it funksjonearjen fan de teams. Sa is it belied ta oan in update en moatte der dúdlikere doelstellings komme.

It gemeentehûs fan Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Sûnt 2015 fiert de gemeente de maatskiplike begelieding, de jeugdsoarch en wurk en ynkommen út foar de ynwenners. Weststellingwerf skreau dêrfoar eigen belied en rjochte saneamde gebietsteams yn Wolvegea en Noardwâlde op.

De Rekkenkeamerkommisje, in ûnôfhinklike kommisje dy't ûndersiket oft it gemeentebestjoer syn jild goed besteget en oft it belied wurket, ûndersocht hoe't dizze twa teams funksjonearje.

Yn de praktyk blike de gebietsteams goed te wurkjen: ynwenners kinne de teams goed fine, de teams dogge hieltyd mear oan it foarkommen fan problemen en se besykje de kosten fan de soarch beheind te hâlden. De ynwenners binne dêrneist tefreden oer de minsken yn de teams.

Romte foar ferbettering

Neffens de kommisje is der dochs romte foar ferbettering. Sa is it wichtich dat it belied fan it sosjaal domein aktualisearre wurdt en dat der mjitbere doelen komme. Rapportaazjes oan de ried kinne dan goed sicht jaan op de resultaten yn it sosjaal domein en de ried kin dan makliker kontrolearje oft it kolleezje it wurk goed útfiert.

It kolleezje reagearre posityf op it rapport en de oanbefellings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)