Oarspronklik Frysk printeboek ferskynd: Omke Ûle past op

05 nov 2020 - 21:00

Sûnt lange tiid is der wer in oarspronklik Frysk printeboek ferskynd by de Afûk. It boek hjit 'Omke Ûle past op' en is skreaun troch Paul van Dijk.

Foto: Afûk

It boek giet oer in ûle dy't oeral benaud foar is, mar as er oppasse moat foar syn neefke komt er der efter dat it goed is nije dingen te probearjen. "It is in waarm ferhaal mei in boadskip foar jong en âld: it kin in goed gefoel jaan om sa no en dan wat nijs te probearjen", seit skriuwer Paul van Dijk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)