Petysje om swimlessen trochgean te litten al 26.000 kear ûndertekene

05 nov 2020 - 20:29

Nederlânske swimbaden, wêrûnder dy yn Fryslân, hawwe in online petysje opset om derfoar te soargjen dat harren swimlessen dochs trochgean kinne. Troch de ferswierjende coronamaatregels dy't ôfrûne tiisdei ôfkundige waarden, binne alle swimbaden sletten, ek foar lessen.

Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Woansdei waard bekend dat swimlessen net mear tastien wiene, wylst op de parsekonferinsje fan it kabinet tiisdeitejûn noch sein waard dat swimlessen foar bern oant en mei 12 jier noch wol trochgean koene. Dat soarge foar in soad teloarstelling.

Lanlik is der dêrom in online petysje opset, dêr't de Fryske swimbaden oan meidogge. Se roppe it kabinet op om de swimlessen dochs trochgean te litten. "Zwemles is noodzakelijk voor de veiligheid van kinderen in ons waterrijke land", falt te lêzen op de aksjeside.

De petysje is yntusken al mear as 26.000 kear ûndertekene.

Trefwurden: 
swimbad coronafirus swimles
(Advertinsje)
(Advertinsje)