VVD wol mear diedkrêft fan deputearre yn oanpak wolven

05 nov 2020 - 19:48

De Steatefraksje fan de VVD is net bliid mei de ôfwachtsjende hâlding fan deputearre Klaas Fokkinga wat it kearen fan de wolf út Fryslân oanbelanget. Pas as in wolf him yn Fryslân fêstiget, wurdt in gebietskommisje opset dy't previntive maatregels nimt, sei Fokkinga earder. De deputearre makke woansdei bekend dat der yn ferbân mei ynternasjonale wet- en regeljouwing gjin direkte maatregels naam wurde kinne om de wolf bûten de doar te hâlden.

Foto: Shutterstock

De moasje 'Wolf niet welkom in Fryslân' helle dizze wike in mearderheid by de stimming yn de Steatefergadering. VVD-Steatelid Marten Dijkstra wol de wolf út Fryslân warre fanwegen de feiligens foar minske en bist: "Dat Fryslân ea ta it leefgebiet fan de wolf hearde, wol net sizze dat Fryslân dat hjoed-de-dei ek noch is. De wolf komt rap yn bewenner gebiet en je moatte je ôffreegje wat de gefolgen binne foar lânbouhúsdieren, mar ek foar minsken."

Fuortendaalks aksje

De wolf dy't yn Drinte skiep deabiet, is neffens de VVD op noch gjin 400 meter fan in wente yn Donkerbroek yn de grinsgemeente Eaststellingwerf sinjalearre. Deputearre Fokkinga jout oan dat de provinsje him wol tarist op de komst fan in fêstige wolf, mar komt dus pas yn aksje as it bist him hjir ek echt fêstiget.

Dijkstra is net wiis mei dy ôfwachtsjende hâlding. "Mei in kiker wachtsje oant de wolf nei seis moannen oanjout him hjir te fêstigjen duorret echt te lang. Lit dy kiker falle!" Neffens Dijkstra moat der fuotendaalks in gebietskommisje opset wurde en moatte der no plannen makke wurde mei de belutsenen om echt previntyf oan de slach te kinnen.

Acht skiep deabiten yn Aldeberkeap

Dy ûnôfhinklike kommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan skieppehâlders, lânbouwers en natuerorganisaasjes. De kommisje op oprjochte nei't bliken die dat in jong en allinnichsteand mantsje út Dútslân him yn Drinte fêstige hie. It bist wie op 7 july foar it lêst sjoen by Aldeberkeap. In pleatslike skieppehâlder hat foar acht deabiten skiep goed 1.250 euro útkeard krigen.

Dat wie de lêste melding fan deade bisten yn Noard-Nederlân. De fraach is oft de wolf der noch wol is. De universiteit fan Wageningen sil bepale oft it territoarium fan de Drintske wolf rint oant yn Fryslân.

Beskerme diersoarte

De wolf is in beskerme diersoarte. De fraksjes fan VVD, CDA, Forum voor Democratie en PVV yn Provinsjale Steaten wolle de wolf warre. Dat dit juridysk sjoen ûnmooglik wêze soe, kin neffens VVD'er Dijkstra net wier wêze. "Hoe ferhâldt dit him ta de oanpassing fan it belied yn it Dútske Niedersachsen, dêr't belied makke wurdt om foar yndividuele wolven, op basis fan harren DNA en gedrach, ôfskotfergunnings ferliend wurde kinne?"

De fjouwer fraksjes sjogge it as opsje om de wolven te ferpleatsen nei parten fan Europa dêr't de wolf better libje kin. Neffens de deputearre is it ûnmooglik in wolf út te setten nei in oar lân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)