Alvestêdehal kin ek nei nije maatregels iepenbliuwe: "Der binne gjin grutte wizigings"

05 nov 2020 - 18:56

Fanwegen de coronamaatregels soene je ferwachtsje dat je op it stuit ek net reedride kinne. De Alvestêdehal yn Ljouwert kin lykwols ek nei de nije maatregels noch hieltyd iepenbliuwe.

De Alvestêdehal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Troch in tal beheinings troch te fieren kin de hal ek yn coronatiid iepen bliuwe, fertelt direkteur Klaas Siderius. "Wy binne net gewoan iepen, wy binne iepen mei in hiel soad beheinings. Mar je kinne by ús noch wol ride, yn lytse getallen." De hal mei mar in pear minsken tagelyk binnen hawwe. "Wy sitte ek oan de limiten fan 30 minsken, om dy reden ha wy in reservearringssyteem."

Neist it maksimum tal besikers, is de hal ek minder oeren iepen foar rekreaasjeriders. "It grutste diel fan de oeren ha wy ynpland foar ús eigen klups en ferienings, dus it rekreaasjeriden ha wy al werombrocht."

Nije maatregels

De nije maatregels dy't tiisdei oankundige binne, ha gjin grutte konsekwinsjes foar de Alvestêdehal, seit Siderius. "It is eltse kear lestich, wy wachtsje altyd op de nije needferoardering, sadat wy dy bestudearje kinne. Dêr stean yn dit gefal gjin grutte wizigings yn."

Dochs moat de hal wer in tal saken oars dwaan. "Ien derfan is de gearstalling fan fjouwer folwoeksenen dy't mei-inoar traine meie, dat wurde der no twa, en dy moatte ek ôfstân fan inoar hâlde."

Koarte lyntsjes

Wêr't it yn it begjin fan de coronakrisis noch wolris gaos wie, is it foar de hal no makliker ôfstimmen mei de oare partijen, sa seit Siderius. "De lyntsjes wurde koarter, al doende leert men. Yn it begjin konfliktearren in soad dingen mei-inoar, de NOC-NSF skriuwt in protokol, wy skriuwe in protokol, de ferienings skriuwe in protokol. Dan wie it wolris de fraach hokker protokol liedend wie, wy fernimme no dat it in stik effisjinter is."

Klaas Siderius

(Advertinsje)
(Advertinsje)