Konflikt tusken Royal Smals en De Fryske Marren foar de Raad van State

Sânwinner Royal Smals besocht tongersdei yn Den Haag de Raad van State sa fier te krijen dat sy dochs sân winne meie yn de Iselmar foar de kust fan Gaasterlân. De gemeenteried fan De Fryske Marren helle begjin 2019 in streek troch de plannen dêrfoar. "Het is een hele ingewikkelde zaak", sei Mieke van Diepenbeek by de Raad van State as foarsittende steatsried.
Konflikt tusken sânwinner Smals en de Fryske Marren behannele troch de Ried fan Steate
Twa advokaten fan sânwinningsbedriuw Royal Smals, in lyts legerke saakkundigen en direksjefoarsitter Resi Reinders besochten Van Diepenbeek en twa oare steatsrieden dúdlik te meitsjen dat de gemeenteried fan De Fryske Marren in ferkeard beslút naam hat.
De proseduere soe net doge en de gemeenteried hie, sjoen de jildende wetten en regels, better útlizze moatten wêrom't sy tsjin de komst fan in sânwinningsynstallaasje wiene.
Boppedat wie it wol hiel let, nei 15 jier tariedings, wêrby't alle oare oerheden wol akkoart gien wiene. Dat de winning fan sân fan lânsbelang wie, kaam ek noch eefkes foarby.

Better plan

Uteinlik hie de gemeenteried it kolleezje wer op 'en paad stjoere moatten om ta in better plan te kommen, dat better nei it sin fan de gemeenteried wie. Smals jout it dúdlik noch net op. "Het is een project waar we in geloven", seit direksjefoarsitter Reinders. De mearderheid fan de gemeenteried wie lykwols dúdlik; sy hellen in streek troch it plan.
Sy hiene dêrfoar ek de romte, sa makke advokaat Rachid Benhadi dúdlik: "Het belangrijkste argument is dat de wet de gemeenteraad de ruimte geeft om alle belangen die betrokken zijn bij een vaststelling (van een bestemmingsplan, red.) op een goede manier af te wegen. Toetsen aan een goede ruimtelijke ordening zoals dat heet. Dat is wat de gemeenteraad heeft gedaan en heeft vastgelegd in een besluit. En daar is Smals het niet mee eens."
Om't it sa'n yngewikkelde saak is, wurdt pas oer 12 wiken útspraak dien.