Operaasje Fryske Flagge: Nynke Humalda yn Meksiko Stêd: "Een mooi huisje in Fryslân is de droom"

05 nov 2020 - 17:49

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Sa ek Nynke Humalda, dy't fan út Meksiko har flagge pleatst hat.

Foto: Nynke Humalda

Nynke komt fan Snits, mar is har Meksikaanske leafde efternei gien nei Meksiko Stêd. "We hebben elkaar ontmoet in Nederland, en daar ook een tijdje gewoond. We hebben daarna in Kenia gewoond, en toen hadden we bedacht dat het tijd werd om wat dichterbij zijn familie en vrienden te wonen, en ook dat ik zijn taal en cultuur beter leer. Dus we zijn begin dit jaar naar Mexico Stad verhuisd."

It befalt Nynke dêr goed. Ek al is it in grutte stêd mei sa'n 9 miljoen ynwenners, 25 miljoen wannear'tst de bûtenwiken meitelst, sa fielt it foar har net. "Eigenlijk woon je toch een beetje in je eigen kleine buurtje. Er zijn veel mooie plekken en restaurants, goed eten, en we hebben al veel leuke mensen ontmoet. Door corona is het natuurlijk wat anders gegaan dan verwacht, maar al met al is het een mooie stad om te wonen. Het is ook relatief groen waar wij wonen." Sa leit der al op sa'n 20 minuten fytsen in moai grut park, en stiet har buert fol mei beammen.

It Spaansk giet better as it Frysk

Ek de ûnfeiligens dy't wy oer Meksiko meikrije, lykas de drugshannel, fernimt Nynke eins net. "Ja, je hoort wel eens wat, en het nieuws gaat er ook over, omdat het een grote stad is zijn er plekken waar dat heel erg is maar wij wonen in een veilige buurt. Ik voel me hier niet onveilig."

Ek mei it learen fan it Spaansk sjit it op: "Ik ben behoorlijk vloeiend, vloeiender dan mijn Fries, ben ik bang. Het is wel een relatief makkelijke taal om te leren. Als je ergens woont waar de taal altijd om je heen is, gaat dat snel."

Dream

Uteinlik soe se graach werom wolle nei Nederlân, mar plannen dêrfoar binne noch net makke. "De droom is natuurlijk om een mooi huisje in Fryslân te hebben, maar dat is voor nu even lange termijn. We proberen niet al te veel te plannen, want als je zoals wij een internationale relatie hebt en internationaal woont, dan is het soms wat lastig om ver vooruit te plannen."

Thúskomme

Thúskommen yn Nederlân is foar har ien ding, mar ek ús provinsje ynride is thúskommen op in oar nivo, neffens Nynke. "Op Schiphol aankomen is één ding, maar als je dan over de Afsluitdijk rijdt en uiteindelijk in Friesland aankomt, dan voelt het toch anders. Onderdeel daarvan is natuurlijk de vlag en al het mooie dat bij Friesland hoort."

En ek al is se dus noch net werom yn Fryslân, de Fryske flagge hâldt har selskip: "Hier in huis hebben we wat spulletjes met de Friese vlag erop, en dat geeft toch een verbinding met thuis. Ik ben heel blij dat jullie voor de emoticon gaan, net met het reageren op jullie berichten miste ik al heel erg een Friese vlag-emoticon."

Operaasje Fryske Flagge: Nynke Humalda yn Meksiko Stêd

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 175 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)