Earebetoan foar Riemer en Foppe: ferneam tribunes nei beide klupikoanen

05 nov 2020 - 17:27

Tribunes yn it Abe Lenstrastadion moatte de nammen krije fan klup-ikoanen Riemer van der Velde en Foppe de Haan. Dat fynt in ploechje entûsjaste fans.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

It idee komt fan Frank Beenen, de makker fan de SC Hearrenfean-podcast 'Radio Camataru'.

Hy fynt dat der no mar ris in earebetoan komme moat foar de beide manlju dy't sa wichtich binne foar de klup. Boppedat past it goed yn dit jier fan it 100-jierrich bestean fan de klup dêr't klupikoan Riemer van der Velde ek nochris 80 jier âld yn wurden is.

Faak wurde sokke earebetoanen jûn as de minsken dêr't it om giet, der net mear binne, mar dizze beide manlju binne der noch, seit Beenen.

Foto: Orange pictures, André Weening

Beenen syn idee foar Riemer- en Foppetribunes waard posityf ûntfongen op de sosjale media. Der hat in petear west mei de direksje fan de klup. Dy wol earst in 'plan de campagne' meitsje en dan Foppe en Riemer freegje oft se it echt wol wolle. Nei alle gedachten sizze se dat it te mâl is, seit parsefoarljochter Marco Heerschop fan SC Hearrenfean, mar wy as klup fine it moai inisjatyf. It is in moaie ôfsluter fan it jubileumjier.

Omrop Fryslân hat de beide manlju sels ek frege wat se derfan fine. Foppe de Haan jout oan dat er der noch oer neitinke moat. Van der Velde wol pas in offisjele reaksje jaan as er mei offisjele plannen benadere wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)