Moasje foar garânsjefûns kultuersektor om 'kulturele woastyn' foar te kommen

05 nov 2020 - 17:18

Koälysjepartijen PvdA, CDA, FNP en VVD yn Provinsjale Steaten komme mei in moasje foar in garânsjefûns foar de kultuersektor. Dat fûns moat derfoar soargje dat kultuerele ynstellingen yn Fryslân yn dizze ûnwisse coronatiden dochs trochgean kinne mei it kreëarjen fan nije projekten.

It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It falt yn ûnwisse coronatiden nammentlik net ta om kultuer, teäter of keunst te meitsjen. Der ûntstean rûnom yn Fryslan kreative ideeën en inisjativen, mar it finansjele risiko om de nekke út te stekken wurdt hieltyd grutter. "Wat is de stip oan de hoarizon?", freget Steatelid Wieke Wiersma fan it CDA har ôf.

Kultuer is der altyd

In garansjefûns moat útkomst biede. It moat in stimulâns wêze foar makkers, sadat de sektor net folslein ta stilstân komt. "We moatte derfoar soargje dat de kulturele sektor oerein bliuwt, foaral no", ferfolget Wiersma. "Yn de moaiste mominten, mar ek yn harren fertrietlikste harkje minsken nei muzyk of lêze se gedichten. Kultuer is der altyd, just yn dizze tiden."

Nei de earste weach wie der al in soad ûnwissens foar de kultuersektor. "De twadde weach makket alles noch ûnwisser. Dat makket dat je net witte wat it einpunt is. Wichtichste is dat as we aanst út de corona binne, we earne nei ta kinne. Dat we net yn in kulturele woastyn telâne komme."

Steatelid Wieke Wiersma (CDA)

Hoefolle jild oft der yn it fûns komme moat, is noch net dúdlik. "Dat is oan de deputearre", seit Wiersma. Takom wike wurdt der yn de Steaten stimd oer de moasje. It liket derop dat dy breed stipe wurdt en dat de keunst en kultuer aanst in berop dwaan kinne op dit nije garansjefûns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)