UPDATE: Oantroffen bonken by graafwurk Ofslútdyk blike fan bist

By graafwurk op de Ofslútdyk troffen meiwurkers fan in bedriuw tongersdei bonken oan. Yn earste ynstânsje waard tocht dat it om minsklike resten gie. De plysje meldt no lykwols dat it bonken fan in bist binne. De bonken waarden fûn by Breesândyk.
© CAMJO media
Nei't de meiwurkers de resten fûnen, brochten se de plysje op de hichte. Dy ûndersocht dêrnei de oarsprong fan de botten.
No't dúdlik is dat it net om minsklike resten giet, hat de plysje it ûndersyk ôfsletten.