Ljouwerter frijsprutsen fan mishanneling bruorren op Promised Land

05 nov 2020 - 16:30

In 38-jierrige Ljouwerter is tongersdei frijsprutsen fan mishanneling fan twa bruorren, op 15 juny ferline jier op it Promised Land Festival by Ljouwert. De man soe de bruorren skopt en slein hawwe. De partijen koene inoar fan in eardere gewelddiedige rûzje.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Wylst se yn de rige stiene foar de yngong fan it festival soene beide bruorren klappen krigen hawwe fan de Ljouwerter. De man soe trochgien wêze mei slaan en skoppen wylst de bruorren troch befeiligers yn betwang hâlden waarden. De partijen koene inoar fan in eardere gewelddiedige rûzje by in kebabsaak yn Ljouwert.

'Als een beest tekeer'

Neffens de Ljouwerter kaam de agresje just fan de tsjinpartij en wie der, nettsjinsteande wat triuwen en lûken, kwealik wat bard. Tsjûgen hiene sjoen dat de Ljouwerter 'als een beest tekeer' gien wie, mar de befeiligers koene harren net yn it sin krije dat der klappen fallen wiene doe't se de bruorren fêsthâlden.

Frijspraak

De rjochter kaam ta frijspraak. Dit wie dúdlik net nei it sin fan de bruorren, dy't efter yn de seal sieten. Troch de frijspraak koene harren skeaclaims - respektyflik 350 en hast 4.200 euro - net tawiisd wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)