Moanne sel foar mishanneling mei airsoftwapen

05 nov 2020 - 15:32

In 24-jierrige man dy't yn jannewaris in Ljouwerter mei in airsoftwapen mishannele hie, hat tongersdei by ferstek in moanne sel krige. De fertochte hat de Ljouwerter net allinne mei it pistoal bedrige, mar der ek mei sketten. Nei't der fjochteraasje tusken de manlju op strjitte ûntstien wie, folge de fertochte de man syn hûs yn.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De beide mannen koene inoar. Doe't de fertochte in tiid dakleas wie, hie it slachtoffer him ûnderdak oanbean. Nei't er him in skoft lang net sjen litten hie, stie de fertochte ynienen foar de doar om syn guod op te heljen. Hy waard lulk doe't de bewenner sei dat er in oare kear werom komme moast.

Doar yntrape

De bewenner miende dat de fertochte him berôvje woe en flechte gau de hûs yn. Doe't de fertochte de doar yntrape en de slachtoffer nei binnen ta folge, sloech hy de bewenner in pear kear mei de kolf fan it pistoal op 'e holle.

Tape en tie-wraps

Behalve it airsoftwapen hie de fertochte ek ducttape en tie-wraps yn syn rêchsek. De rjochter feroardiele him by ferstek ta in moanne sel en kende 1.000 euro smertejild en goed 1.300 euro foar materiële kosten ta.

(Advertinsje)
(Advertinsje)