Famke nei sikehûs nei ûngelok op de fyts yn Drachten

05 nov 2020 - 15:08

By in ûngelok yn Drachten is in famke ferwûne rekke. It famke ried op in elektryske fyts en waard troch in buske skept. Se hie ferwûningen oan de skonk.

Foto: De Vries Media

De helptsjinsten waarden om yn de middei alarmearre foar in ûngelok net fier fan de krusing tusken de Vogelzang en de Leeuwerikstraat. It famke wie by de oanriding tsjin it rút fan it buske klapt. Se is mei ferwûningen oan de skonk nei it sikehûs brocht. De tadracht fan it ûngelok is noch net bekend.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok fyts
(Advertinsje)
(Advertinsje)