CDA Eaststellingwerf wol mear kontrôle op hurdriden

05 nov 2020 - 14:50

De plysje yn Eaststellingwerf moat faker kontrolearje op te hurd riden. Dat fynt it CDA yn de gemeente. De partij wol dat it kolleezje dêr mei de plysje ôfspraken oer makket foar de kommende jierren.

Foto: Shutterstock

Neffens CDA Eaststellingwerf kleie de bewenners fan doarpen wol gauris oer it te hurd riden yn de beboude kom. It giet neffens harren dan foaral oer it autoferkear dat lûdsoerlêst en gefaar feroarsaket. Konsekwint en geregeld kontrolearje en boetes útdiele docht rjocht oan de minsken dy't harren tekoart dien fiele troch oertrêders, sa seit de partij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)