Ofrûne 24 oeren 90 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân

05 nov 2020 - 14:20

Der binne de ôfrûne dei 90 nije besmettingen mei it coronafirus fêststeld yn de Fryslân, dat docht bliken út de lêste sifers fan it RIVM. Dat binne der 15 mear as woansdei. De measte besmettingen wiene yn Ljouwert: 18 besmettingen. Súdwest-Fryslân (12), Noardeast-Fryslân (11) en Hearrenfean (10) folgje dêrnei.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir)

Der is ien persoan yn it sikehûs opnommen. Fierder binne der twa pasjinten mei it coronafirus ferstoarn, beiden yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Lanlik meldt it RIVM 6.996 nije besmettingen. Dat binne 650 minder as woansdei. It is lanlik de sechsde dei op rige dat it tal nije besmettingen weromrint.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir)

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
GGD besmetting coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)