D66 Ljouwert wol dat gemeente studinten helpt oan staazjeplak

05 nov 2020 - 14:04

De gemeente Ljouwert soe studinten yn it mbo en hbo aktiver helpe moatte by it finen fan staazjeplakken, dat fynt de lokale fraksje fan D66. Koartlyn die de MBO Raad in needgjalp oer dat it dreech is om yn dizze tiid staazjeplakken te finen.

Foto: Shutterstock.com (ALPA PROD)

Neffens D66 Ljouwert dogge skoallen harren bêst om in staazje oan te bieden, mar is troch it coronafirus net in soad mooglik. De gemeente soe sjen moatte hoe't efterstannen yn it ûnderwiis sa rap as mooglik fuortwurke wurde kinne. De fraksje wol ek fan it kolleezje witte hoefolle plakken de gemeente oanbiedt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)