Noordelijk Film Festival giet definityf net troch: ek lytsere opset skrast

It Noordelijk Film Festival yn Ljouwert giet definityf net troch dit jier. Fanwegen it coronafirus soe der earst in lytsere drive-in foarm opset wurde, mar ek dat idee is no fan de baan. Tiisdei waard dúdlik dat ek filmteäters en bioskopen de doarren slute moatte. Mei dêrtroch waard it te dreech om it noch troch te setten.
© Omrop Fryslan
Der is mei hert en siel nei ta wurke, jout de organisaasje oan. Mar it is net mear op te bringen om der nochris enerzjy yn te stekken. Wat ek meispile: komme der dit jier noch wol genôch goeie nije films út? Dêrom set de organisaasje foar de wissichheid yn op takom jier. Woansdeitejûn is it beslút nommen.
"Uitstel is geen garantie op succes, omdat onduidelijk is hoe lang we moeten uitstellen en het betekent misschien alsnog afstel. Bij diverse teamleden raakt het enthousiasme en de positieve energie op," sa skriuwt de organisaasje.
De Noorderkroon Competitie giet wol troch, op 14 novimber wurdt de winnende filmmakker digitaal bekend makke. Takom jier hopet de organisaasje dat der tusken 10 en 14 novimber wer in echt Noordelijk Film Festival hâlden wurde kin.
Artistyk lieder en programmeur Fredau Buwalda