Fjouwer Ljouwerters fêst nei fynst heroïne en jild

05 nov 2020 - 12:15

De plysje hat fjouwer Ljouwerters oanholden nei de fynst fan harddrugs en kontant jild. Dat hawwe se dien nei in ynfal yn in flat oan de Eikenstraat yn de stêd. De plysje die de ynfal nei klachten en meldingen oer drugshannel.

Foto: Shutterstock.com / FabrikaSimf

By de ynfal fûn de plysje 200 gram heroïne. Dat is yn beslach nommen. De drugs hat in strjitwearde fan sa'n 5.000 euro.

Njonken de drugs fûn de plysje 1.170 euro oan kontant jild. De fjouwer Ljouwerters dy't oanholden binne, binne 20, 24, 32 en 36 jier. Se sitte fêst.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert heroïne
(Advertinsje)
(Advertinsje)