Stipe hurd nedich om kolleksje Fries Landbouwmuseum te bewarjen foar takomst

05 nov 2020 - 12:45

By it ferpartsjen fan de kultuersubsydzjes fan de provinsje binne guon organisaasjes lâns de artistike mjitlatte lein, wylst sy eins ûnderdiel binne fan in oare kulturele ynfrastruktuer. Der is bygelyks gjin rekken holden mei museumkolleksjes, seit direkteur Henk Dijkstra fan it Fries Landbouwmuseum. Hy is wiis mei de stipe dy't der no liket te kommen. In tal partijen wol dat deputearre Sietske Poepjes mei jild komt foar kulturele ynstellingen dy't yn juny bûten de boat foelen.

Reding Landbouwmuseum

"Wy hawwe net allinne in organisaasje, mar ek in kolleksje. Wy bewarje mear as 10.000 foarwerpen: ien fan de aldermoaiste kolleksjes op it mêd fan lânbou. Dat moat net fuort. Der móat in oplossing komme by it Provinsjehûs wei," seit Dijkstra fan it Fries Landbouwmuseum mei klam.

As in museum omfalt is net allinne de organisaasje fuort, sa jout hy oan. "Mar ek de kolleksje. Sa'n kolleksje bestiet út wichtich guod foar de provinsje en moat wol in goed plak hawwe. Dêrom is it in goeie saak dat wy ôfpraat hawwe mei de deputearre en in tal oare kollega's yn jannewaris te oerlizzen oer hoe't wy omgean wolle mei de Kolleksje Fryslân. Wêr bestiet dy kolleksje út en hoe soargje wy derfoar dat it beskerme bliuwt foar de lange termyn? Dit soarte tastannen moatte wy net wer krije."

"It komt op it nipperke"

Dat de koälysjepartijen mei in moasje komme, is dus goed nijs foar Dijkstra en it Fries Landbouwmuseum. "Wy hoopje ek dat oare partijen it ek stypje. Hooplik kinne wy fierder. It komt echt op it nipperke, eins hiene wy op 1 novimber al nei it UWV moatten om plannen te meitsjen om de boel te ûntmanteljen. Mar it giet no de goeie kant op."

Dijkstra jout oan dat der al petearen wiene mei de provinsje. "De deputearre hat wol dúdlik makke dat it ek wer net de bedoeling wie dat it sa rinne soe. Der hat yn july al oerlis west op amtlik nivo en yn augustus hawwe wy mei de deputearre praat. Mar goed, der moast wol in oplossing fûn wurde op it Provinsjehûs. Dat kinne wy net dwaan. En wy moatte in oplossing hawwe dêr't wy fjouwer jier mei fierder kinne."

It Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"It moat bestean bliuwe"

Om it museum en de kolleksje te bewarjen, is wol jild nedich. "Troch de kommisje is dúdlik sein: it lânboumuseum moat bestean bliuwe. Mar dêr is gjin ekstra jild foar frijmakke. It moast fan itselde budzjet, dan sjogge je it oankommen. Je sille dochs ta de bûse moatte."

De krityk by it ferpartsjen fan de subsydzjes wie dat it Fries Landbouwmuseum net fernijend genôch wêze soe. Mar dêr is Dijkstra it net mei iens. "Wy wolle meibewege. Mar it feit dat wy net aktueel genôch binne is net wier, dat is net goed opskreaun. En dat wy mear 'ruraal' dwaan moasten ek net, want der binne al fiif musea dy't dat dogge. Mar fierder wolle wy fansels meibewege. Wy wolle ús ûnderskiede."

Direkteur Henk Dijkstra fan it Fries Landbouwmuseum

(Advertinsje)
(Advertinsje)