Martenastate Koarnjum wreidet út mei boerepleats: Martena Zathe

05 nov 2020 - 11:03

Martenastate yn Koarnjum wurdt útwreide mei in pleats dêrnjonken en it byhearrende hiem en lân. It nije plak komt Martena Zathe te hjitten. It gebiet moat in 'natuerynklusyf plak' wurde, neffens de Stichting Martenastate dy't de pleats kocht hat.

Martenastate yn Koarnjum - Foto: Uberprutser

Yn de skuorre komme apparteminten om yn te wenjen. De rest fan it perseel moat in greide wurde mei blommen dy't hjir hiem binne en mei in grut bioferskaat. It nije gebiet kriget in iepenbiere ferbining mei it besteande park fan bûtenpleats Martenastate.

(Advertinsje)
(Advertinsje)