Foarlêste stik Lauwermardyk fersterke: takom jier moat de dyk klear wêze

05 nov 2020 - 10:36

Wetterskip Fryslân hat oer hast 2,5 kilometer de Lauwersmardyk mei spesjale betonblokken fersterke. Ferline jier is der al in stik opknapt en takom jier pakt it Wetterskip in lêste part op.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De dyk krijt in nije beklaaiïng en de foarm fan de dyk wurdt oanpast sa't de dyk better tsjin weagen kin. Foar it fersterkjen binne Verkalitblokken brûkt, dy't mei-inoar yn ferbining steane. De nije Waadtribune yn de Lauwersmardyk is klear. Kuierders kinne dêrwei genietsje fan it útsjoch oer de Waadsee.

Dizze winter bliuwt it wurk oan de binnendyk op de Lauwersmardyk trochgean. De rydplaten bliuwe ek op de dyk. Yn de maitiid set it wurk oan de lêste 1,1 kilometer útein, oant de Cleveringslûzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)