Renovaasje Ofslútdyk duorret trije jier langer: klear yn 2025

05 nov 2020 - 16:23

De renovaasje fan de Ofslútdyk duorret op syn minst trije jier langer as pland. It falt dêrtroch ek djoerder út. Dat stiet yn in Keamerbrief fan minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Reden foar de fertraging is in flater yn it ûntwerp by de spuislûzen, dy't nedich binne foar de wetterôffier.

Renovaasje Ofslutdyk

It probleem kaam fan it simmer oan it ljocht. De minister seit net hoefolle de fertraging krekt kostet. Dêr hopet se yn de maitiid mear dúdlikheid oer te hawwen. Wol skriuwt Van Nieuwenhuizen dat it budzjet foar it projekt oanfolle wurdt út it Deltafûns.

'Hûnderten miljoenen djoerder'

Ferskate boarnen sizze tsjin fakblêd Cobouw dat it projekt hûnderten miljoenen djoerder útfalt. In wurdfierder fan Rykswettersteat lit him ek net út oer de ekstra kosten fan de renovaasje.

Foar de renovaasje fan de dyk wie yn earste ynstânsje in bedrach fan 550 miljoen euro beskikber. It wurk wurdt dien troch in konsortsium mei dêryn ûnder oare bouwer BAM en baggerder Van Oord.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer de Ofslútdyk

Ofslutdyk FH item

Neffens de minister binne der in pear wurksumheden dy't wol neffens planning klear binne. It giet dan ûnder oare om de fersterking fan it dyklichem, de bou fan twa gemalen en twa kearslûzen. Dy soene dus wol yn 2022-2023 klear wêze.

De minister seit dat in soad wurksumheden fan inoar en fan oare faktoaren ôfhingje. Sa moat der rekken hâlden wurde mei it ferkear, it stoarmseizoen en de natuer. Dêrtroch kin de bou net op elts momint samar úteinsette.

VVD-keamerlid Aukje de Vries en har kollega Remco Dijkstra ha yntusken fragen steld. Se wolle opheldering oer wat de oarsaak fan de flater krekt is. Ek wolle se dat de minister har bêst docht om ferkearsoerlêst te beheinen.

Wurk oan de Ofslútdyk - Foto: CAMJO media

Deputearre Avine Fokkens hat kontakt hân mei Rykswettersteat oer de kwestje. "We praten ook over wat de impact is voor de bereikbaarheid van Fryslân en of het intensievere overlast gaat opleveren", seit Fokkens. Dêr giet Rykswettersteat neffens har net fan út. "Maar dat die overlast langer gaat duren, is inherent aan dat er vertraging is."

Sa't it no liket, kinne de bou fan de fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk en de plannen foar de ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân gewoan trochgean. Fokkens: "De vertraging zich hem voornamelijk in de spuisluizen. In die zin staat dat er los van."

Deputearre Avine Fokkens

Trefwurden: 
Ofslútdyk renovaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)