Kollum: "Optimisme"

05 nov 2020 - 08:47

"Yn dizze tiid, wêryn't in Amerikaanske presidint himsels ta winner fan ferkiezingen útropt, wylst de stimmen noch lang net teld binne, yn in tiid dat de ferkeap fan wapens yn syn lân werklik troch it plafond gien is mei mear as santjin miljoen yn dit jier, kocht troch Amerikanen dy't deadsbenaud binne dat sy immen harren hûs út sjitte moatte nei de ferkiezingen, om't it ferkearde túnbuordsje foar harren hûs stien hat,

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Yn it lân dat sa'n rot kiessysteem hat dat je net minder as gouden bewûndering hawwe kinne foar de reporters fan CNN dy't yn steat binne om in koherint ferhaal te hâlden foar in magic wall, oer hoe't it stiet mei de foarstêden en strjitten fan Philadelphia, kom der mar yn Bruce Springsteen, reporters dy't live op telefyzje útrekkenje wat it betsjut as blau 48 persint hat en read 51 en noch mar 71 persint fan de stimmen teld binne en wat dat yn konkrete getallen betsjutte en wat de skiednis fan stimgedrach yn sa'n county is, en dat alles yn in razend tempo, rêstich tweintich kear efter inoar oan, en dán ferskynt dy oranje clown, dy't tinkt dat er in blauwe weach en de twadde weach oerwûn hat, of is it dêr al de tredde, mei de help fan in dozyn dokters yn it bêste sikehûs fan de wrâld,

yn dizze tiid, wêryn't op deselde jûn as dat al dat nijs fan oer de grutte plasse ta ús kaam, ús eigen minister-presidint tegearre mei syn vice-premier en minister fan praatsjes Hugo de Jonge, fertelde dat de sifers fan de besmettingen hjir al de goede kant op geane mar net gau genôch, om't de soarch it net oan kin, en wy dus no we nearne mear hinne meie, net nei de bioskoop, net nei konsertsealen en net nei teäters, net om't dêr besmettingen west hawwe, nee, gjin ien, mar om't sy net yn steat west hawwe om harren ta te rieden op in nij jier mei in twadde weach, ek al waard dêr yn april al oer praat, wêrnei't sy in simmer lang eltsenien dy't it mar woe wer yn fleantugen stappe lieten, want ja, wy moatte fansels al op fakânsje, ek al stiet de heale wrâld yn 'e brân, Nederlanners moatte op fakânsje, en it geëamel oer de skyfakânsjes is fansels noch mar krekt begûn,

yn dizze tiid, wêryn't piloaten nochal muoite hawwe om de wierheid ûnder eagen te sjen, nammentlik dat sy yn it selde skûtsje sitte as muzikanten en teätermakkers, ek al is it in beropsgroep dêr't je dochs fan hoopje dat se traind binne om wierheden goed yn te skatten en der op te aktearjen, dy piloaten dy't no troch eltsenien hate wurde, en net yn it lêste plak troch dy muzikanten en teätermakkers, dy't mar in fraksje fan it jild fertsjinje en gjin poat hawwe om op te stean tsjin in oerheid, ek al moat der op dit punt in komplimint nei Wopke Hoekstra dy't syn poat stiif holden hat en de piloaten in toantsje leger sjonge litten hat, al giet der noch altyd in sleat, wat sis ik, in Tsjûkemar oan jild yn it sinkende CO2-skip dat KLM hjit,

yn dizze tiid, wêryn't NPO Radio 1 besletten hat it priiswinnende dokumintêreprogramma RadioDoc fan de stjoerder te heljen en fierder moat as podcast, neat mis mei podcasts mar doch mar leaver net, net no yn dizze tiid, mei as iennige en banale reden dat der yn 'e Earedifyzje takom jier op sneintejûn fuotballe wurdt, op it tiidstip fan RadioDoc,

yn dizze tiid, wêryn't der noch altyd gjin inkeld sjoch is op in ein oan de coronakrisis, om't it nijs oer faksins minimaal en mei in hiel soad foarbehâld is, en ik it earlik sein ek net foar my sjoch hoe't we straks al wer eltsenien in hân jouwe, hoe't wy wer mei syn allen op inoar pakt yn teätersealen sitte, of mei tûzenen nei festivals geane yn Ahoy of sels Biddinghuizen, al wie it mar trochdat we no witte hoe't it mei firussen gean kin, en it best ris wêze kin dat we no sa selsbewust wurde yn grutte groepen minsken, dat wy net mear sa ûnbefongen wêze kinne en net mear yn steat binne om op te gean yn it moment, en it dus de fraach is oft wy dy mominten dêr't we sokke goeie oantinkens oan hawwe ea wer belibje sille, harkjend nei dy muzikanten, dy't straks al in jier sûnder ynkommen sitte - lit my dat werhelje: in jier sûnder ynkommen - genietsjend fan wat foar soarte muzyk it dan ek mar is, en it dus mar tige de fraach is of we de âlde wrâld ea wer werom krije,

yn dizze tiid haw ik echt in hiel soad ferlet fan in optimistyske kollum."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)