Berltsum wol in fytspaad by de Gernierswei: "Fytse is hjir te gefaarlik"

"Dit is de drokste plattelânsdyk yn de hiele gemeente Waadhoeke", seit Hieke Joostema fan Fietsersbond Waadhoeke. Dêrom moat der in fytspaad by de Gernierswei del komme, fynt sy. Dizze dyk rint by Berltsum del nei Menaam. "Ik fyts hjir noait op dizze dyk, ik fyn it fierstente gefaarlik. Mar net eltsenien hat in auto."
Berltsum wol in fytspaad by de Gernierswei: "Fytse is hjir te gefaarlik"
"Der rydt hjir in soad bedriuwsferkear, ek fanwegen it yndustryterrein oan de westkant fan Berltsum. Gewoanwei ride hjir wol tusken de 350 en de 550 weinen yn de oere del yn de spits", seit Joostema. "Twa frachtweinen kinne wol byinoar del ride, mar it giet der om dat fytsers yn de knipe komme."

Bestjoerders skrikke fan fytsers

Dat is dan ek it probleem, seit Joostema. "Winterdeis reitsje fytsers faak yn de berm en bestjoerders fan auto's skrikke as je in donkere jas oan hawwe. Je moatte goeie skuon oandwaan om ôf te stappen. Dêrom wolle wy hjir graach in frijlizzend fytspaad."
Neffens Joostema soe dêr krekt genôch romte foar wêze. Dêrom binne sy yn petear mei de gemeente. "Ik haw wol de yndruk dat it goed ûntfongen is. Mar it moat betelle wurde, dat snappe wy ek. Dêrom hawwe wy as boargers sjoen nei wêr't der subsydzjemooglikheden binne en wêr't kosten besparre wurde kinne. Je moatte it tûk oanpakke."
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar by Berltsum
Der binne ek in soad meiwurkers fan Empatec dy't oer de dyk moatte. Johan Kuipers fan Empatec: "De measte meiwurkers hawwe in heske oan om op te fallen. Hielendal as it tsjusterder wurdt. Wy besykje derfoar te soargjen dat sy sichtber binne. Wy binne al sa'n seis jier dwaande om hjir in oplossing te krijen, mar dat hat noch neat opsmiten. Yn de simmer fan 2019 is in wurknimmer oanriden."
Kuipers hat der betrouwen yn dat der no wat barre sil. "Dat moat echt. It is hiel wolkom dat der hjir wat feroaret."
De Gernierswei by Berltsum © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Johan Kuipers fan Empatec oer de ferkearssituaasje