Sint Piter hat nij selskip: steampunker Aldemar ferfangt Swarte Pyt

Wa sil yn febrewaris de kadootsjes by de bern thúsbringe mei Sint Piter yn Grou? Dat wie de grutte fraach foar it Sint Pitersjoernaal tongersdei. Yn dat sjoernaal die bliken dat Sint Piter de help fan Sytske út Grou ynskeakele hat. Sy hat dêrnei Aldemar ree fûn om Sint Piter te helpen, in nij personaazje yn steampunk-klean dy't op in eilân by Grou yn in beamhutte wennet.
Aldemar en Sytske © Sint Piter Sjoernaal
Aldemar moat Swarte Pyt ferfange, want dy komt net wer werom. "Swarte Pyt is op wrâldreis gien, hy is fuortrûn," sei Sint Piter yn it sjoernaal. "No stean ik der allinnich foar, ik sjoch mysels net op dakken klimmen. Nee, dat wurdt 'm net. Hoe moat dat no?" Sytske koe lykwols in oplossing betinke en frege de help fan Aldemar.
Yn oktober die al bliken dat it organisaasjekomitee fan it Sint Piter-feest ôfskie nimme soe fan Swarte Pyt, mei fanwegen de tanimmende krityk op Swarte Pyt. "We staan in Grou met het Sint Piter-feest niet op een eiland. Mensen zijn ermee bezig. Het vergt enige moed, maar ik denk dat het een goede stap is. Ik denk dat het feest daar vrolijker mee verder kan de komende jaren," sei Peter van den Broek doe.

Sear

De namme Aldemar komt fan de Pikmar en De Alde Feanen dy't by Grou lizze. De steampunk-persoan Aldemar is net ûnwerkenber sminkt, seit Van den Broek. Bern kinne wol sjen wa't it is.
It komitee hie de feroaring dus al earder oankundige. It is no ôfwachtsjen wat de reaksjes binne. It docht wol sear, sa'n bytsje as in ferkearing dy't út rekket, seit Van den Broek. Mar it Sint Piterfeest is ymmaterieel erfgoed. It moat bestean bliuwe.
Peter van den Broek fan it Sint Piter Komitee