Sinteklaaskomitee Boalsert presintearret nije 'Superheldepyt' mei in film

05 nov 2020 - 07:24

Boalsert hat tenei nije help foar Sinteklaas. De ferfangers fan de Swarte Piten wurde in soarte superhelden mei in giele, reade, blauwe of griene cape en in masker op, nei in idee fan de Boalserter striptekener Bauke Wielinga. "Wy hawwe ek al in film makke om sa de nije Pyt oan de bern bekend te meitsjen," lit Wielinga witte.

De âlde Swarte Pyt en de nije Superheldepyt byinoar - Foto: Bauke Wielinga

Wielinga jout oan dat it Sinteklaaskomitee yn Boalsert al in healjier praat hat oer Swarte Pyt. Hy woe sels wat nijs betinke en tocht nei oer wat Swarte Pyt eartiid foar him sels betsjutten hat. "Foar my wie hy in superheld," seit Wielinga. "Hy koe dingen dy't in gewoan minske net koe." Sadwaande hat er dy twa dingen byinoar brocht en sa is dizze nije superheld-Pyt der út kaam.

Wielinga omskriuwt it as Superteam P.I.E.T. (Super Professioneel Internationaal Empathisch Team). Yn july hat er de Pyt al brûkt yn de cartoon Mukkes en syn Maten. Hy krige positive reaksjes. Mei de nije Piten hopet it komitee it feest fan Sinteklaas feilich te stellen foar de takomst en it foar álle bern in moai feest te meitsjen.

Boalserter striptekener Bauke Wielinga

(Advertinsje)
(Advertinsje)