Liveblog | 5 novimber 2020

Coronanijs tongersdei 5 novimber: Swimbaden hâlde petysje; Alvestêdehal bliuwt iepen

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 5 novimber 2020, 22:53
23:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog oer it coronanijs yn Fryslân en dêrbûten fan tongersdei 5 novimber. Hjirûnder it wichtichste coronanijs fan hjoed nochris op in rychje:
Freed binne wy der wer mei in nij liveblog.
21:31

Coronasneltests op it wurk foar soarch, ûnderwiis en plysje

Soarchpersoniel mei coronaklachten kin oan de ein fan dizze moanne op it wurk in sneltest krije en hoecht net mear nei in teststrjitte fan de GGD. Dat jildt ek foar personiel fan skoallen, de berne-opfang en de plysje.
Minister De Jonge makket ynkoarten mear details bekend oer de regeling. Earder wie al dúdlik dat hy wurke oan in bestelmooglikheid fan sneltests foar soarchynstellings, mar dat wurdt no dus útwreide nei oare sektoaren.

Binnen 30 minuten útslach

Soarchynstellings moatte de tests sels bestelle by it Landelijk Consortium Hulpmiddelen. Dat ferdielt no ek al de medyske mûlmaskers, skelken, mofkes en oare beskermingsmiddels.
Der kinne yn elts gefal allinnich sneltests betseld wurde dy't falidearre binne troch it RIVM. De tests jouwe binnen 30 minuten útslútsel oer in besmetting mei it coronafirus.
20:29

Hântekeningaksje foar swimles

Nederlânske swimbaden, wêrûnder dy yn Fryslân, hawwe in online petysje opsetten om derfoar te soargjen dat harren swimlessen dochs trochgean kinne. Troch de ferswierjende coronamaatregels dy't ôfrûne tiisdei ôfkundige waarden, binne alle swimbaden sletten, ek foar lessen. De petysje is yntusken al mear as 26.000 kear ûndertekene.
19:55

Skye kin ek yn coronatiid

Wêr't de kommende wiken ferskate sporten net trochgean kinne, kin by it Snowcentrum yn Ljouwert noch gewoan skyd wurde.
"Wy kinne gewoan noch neffens de maatregels iepen wêze, mei maksimaal twa minsken op de baan. E oardel meter is mei de sky's ûnder maklik te dwaan", fertelt Wigle Westerlaan fan it sintrum. "Wy ha in rûte útsetten. Minsken moatte binnen in mûlkapke op ha, by it sporten hoecht dat net. De baan is sa opsetten dat der twa minsken op kinne."
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn it Snowcentrum
19:40

Alvestêdehal bliuwt iepen

Fanwegen de coronamaatregels soene je ferwachtsje dat je op it stuit ek net reedride kinne. De Alvestêdehal yn Ljouwert kin lykwols ek nei de nije maatregels noch hieltyd iepenbliuwe.
De nije maatregels dy't tiisdei oankundige binne, ha gjin grutte konsekwinsjes foar de Alvestêdehal, seit direkteur Klaas Siderius. "It is eltse kear lestich, wy wachtsje altyd op de nije needferoardering, sadat wy dy bestudearje kinne. Dêr stean yn dit gefal gjin grutte wizigings yn"
19:33

Garânsjefûns moat kultuersektor oerein hâlde

Koälysjepartijen PvdA, CDA, FNP en VVD yn Provinsjale Steaten komme mei in moasje foar in garânsjefûns foar de kultuersektor. Dat fûns moat derfoar soargje dat kultuerele ynstellingen yn Fryslân yn dizze ûnwisse coronatiden dochs trochgean kinne mei it kreëarjen fan nije projekten.