Coronanijs tongersdei 5 novimber: Swimbaden hâlde petysje; Alvestêdehal bliuwt iepen

05 nov 2020 - 22:53
  • Der binne tongersdei yn Fryslân 90 nije coronabesmettingen meld, 15 mear as in dei earder;
  • Kafee-eigeners it meast rekke binnen de hoareka;
  • Farmaseut: binnen twa moannen mear dúdlikheid oer faksin;
  • 35ste Nijjiersrevu op De Jouwer skrast;
  • It Woudagemaal is de kommende wiken sletten;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
23:00
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog oer it coronanijs yn Fryslân en dêrbûten fan tongersdei 5 novimber. Hjirûnder it wichtichste coronanijs fan hjoed nochris op in rychje:

  • Der binne tongersdei yn Fryslân 90 nije coronabesmettingen meld, 15 mear as in dei earder;
  • Opnij dosint Linde College yn Wolvegea besmet;
  • Friese Boys skrast tydlik aktiviteiten nei oanlieding fan de útbraak by basisskoalle de Stapstien yn Kollumersweach;
  • Moasje foar garânsjefûns kultuersektor om 'kulturele woastyn' foar te kommen;
  • Alvestêdehal bliuwt iepen;
  • Petysje om swimlessen trochgean te litten 26.000 kear ûndertekene.

Freed binne wy der wer mei in nij liveblog.

21:31
Coronasneltests op it wurk foar soarch, ûnderwiis en plysje

Soarchpersoniel mei coronaklachten kin oan de ein fan dizze moanne op it wurk in sneltest krije en hoecht net mear nei in teststrjitte fan de GGD. Dat jildt ek foar personiel fan skoallen, de berne-opfang en de plysje.

Minister De Jonge makket ynkoarten mear details bekend oer de regeling. Earder wie al dúdlik dat hy wurke oan in bestelmooglikheid fan sneltests foar soarchynstellings, mar dat wurdt no dus útwreide nei oare sektoaren.

Binnen 30 minuten útslach

Soarchynstellings moatte de tests sels bestelle by it Landelijk Consortium Hulpmiddelen. Dat ferdielt no ek al de medyske mûlmaskers, skelken, mofkes en oare beskermingsmiddels.

Der kinne yn elts gefal allinnich sneltests betseld wurde dy't falidearre binne troch it RIVM. De tests jouwe binnen 30 minuten útslútsel oer in besmetting mei it coronafirus.

20:29
Hântekeningaksje foar swimles

Nederlânske swimbaden, wêrûnder dy yn Fryslân, hawwe in online petysje opsetten om derfoar te soargjen dat harren swimlessen dochs trochgean kinne. Troch de ferswierjende coronamaatregels dy't ôfrûne tiisdei ôfkundige waarden, binne alle swimbaden sletten, ek foar lessen. De petysje is yntusken al mear as 26.000 kear ûndertekene.

19:55
Skye kin ek yn coronatiid

Wêr't de kommende wiken ferskate sporten net trochgean kinne, kin by it Snowcentrum yn Ljouwert noch gewoan skyd wurde.

"Wy kinne gewoan noch neffens de maatregels iepen wêze, mei maksimaal twa minsken op de baan. E oardel meter is mei de sky's ûnder maklik te dwaan", fertelt Wigle Westerlaan fan it sintrum. "Wy ha in rûte útsetten. Minsken moatte binnen in mûlkapke op ha, by it sporten hoecht dat net. De baan is sa opsetten dat der twa minsken op kinne."

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn it Snowcentrum

19:40
Alvestêdehal bliuwt iepen

Fanwegen de coronamaatregels soene je ferwachtsje dat je op it stuit ek net reedride kinne. De Alvestêdehal yn Ljouwert kin lykwols ek nei de nije maatregels noch hieltyd iepenbliuwe.

De nije maatregels dy't tiisdei oankundige binne, ha gjin grutte konsekwinsjes foar de Alvestêdehal, seit direkteur Klaas Siderius. "It is eltse kear lestich, wy wachtsje altyd op de nije needferoardering, sadat wy dy bestudearje kinne. Dêr stean yn dit gefal gjin grutte wizigings yn"

19:33
Garânsjefûns moat kultuersektor oerein hâlde

Koälysjepartijen PvdA, CDA, FNP en VVD yn Provinsjale Steaten komme mei in moasje foar in garânsjefûns foar de kultuersektor. Dat fûns moat derfoar soargje dat kultuerele ynstellingen yn Fryslân yn dizze ûnwisse coronatiden dochs trochgean kinne mei it kreëarjen fan nije projekten.

19:18
Snobbersguodfabrikanten ferwachtsje legere ferkeap

Fabrikanten fan snobbersguod ferwachtsje dit jier minder te ferkeapjen rûn Sint-Marten. Fanwegen de coronakrisis tinke sy dat minder minsken de doarren bydel sille, en om te foarkommen dat minsken dat al dogge ha guon bedriuwen besletten dit jier net te advertearjen.

Pipernutemakker Van Delft ferwachtet foaral yn it noarden minder taaiguod te ferkeapjen. "Vooral in het noorden van het land is het een traditioneel artikel met Sint Maarten", sa seit direkteur Oscar de Lange. It bedriuw tinkt sa'n tweintich persint minder te ferkeapjen.

Maatregels foar Sint-Marten

Hoewol't optochten dit jier net tastien binne by Sint-Marten is it neffens de Veiligheidsregio Fryslân wol mooglik om mei de bern lâns de duorren te gean. De Veiligheidsregio hat hjiroer in tal maatregels opsteld. Bygelyks: hâld genôch ôfstân fan minsken yn de doariepening en haw begryp foar minsken dy't leaver net de doar iepen dogge.

18:00
Rutte en Dútske minister-president roppe op: net de grins oer

Premier Mark Rutte en de minister-presidint fan de Dútske dielsteat Noordrijn-Westfalen, Armin Laschet, ha yn in ferklearring oproppen om net de Nederlânsk-Dútske grins oer te gean. "Nu het virus opnieuw hard toeslaat, roepen wij iedereen op om dicht bij huis te blijven. Reis dus niet de grens over als het niet strikt noodzakelijk is", sa sizze se.

It Nederlânske kabinet hat earder in negatyf reisadvys ôfjûn foar Dûtslân. Dat is noch oant jannewaris fan krêft.

16:30
Friese Boys skrast tydlik aktiviteiten fanwegen corona

Fuotbalferiening Friese Boys hat besletten alle aktiviteiten foar de jongerein foar in wike stil te lizzen. Dit nei oanlieding fan de corona-útbraak by basisskoalle de Stapstien yn Kollumersweach. Ofrûne wykein waard bekend dat der yn de boppebou fan de skoalle corona oantroffen is. Yntusken binne meardere learlingen posityf test op it firus.

De skoalle hat kontakt hân mei de GGD oer de situaasje. Der hoege gjin ekstra maatregels troffen te wurden. Mei om't de boarne fan de besmettings net op skoalle is, mar nei alle gedachten by in klupjûn fan de tsjerke. Klassen nei hûs stjoere of de skoalle slute is dan ek net oan de oarder. Eltsenien wurdt oproppen ekstra foarsichtich en alert te wêzen, ek by it heljen en bringen fan de bern by de skoalle.

Boarne: RTV NOF

15:41
Delgong sikehûsbesetting 'uitstekend nieuws'

De sikehûsbesetting giet al twa dagen op rige omleech. Neffens Ernst Kuipers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS) is dat "uitstekend nieuws", mar gjin reden om de flagge út te hingjen. Der lizze op it stuit 2.512 coronapasjinten yn de Nederlânske sikehuzen, 60 minder as woansdei. Fan harren lizze der 1.905 yn de kliniken en 607 op de IC's. Woansdei wiene dat der noch 612.

Kuipers is tefreden: "We keken uit naar het bereiken van een plateau, maar er komen nog steeds veel patiënten per dag bij in de ziekenhuizen, ongeveer 280." Dat wol net sizze dat it de kommende dagen noch fierder omleech gean sil, mar it leit wol yn de line fan ferwachting.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)