Kuorbal League útsteld: wat binne de opsjes foar LDODK?

De sealkuorbalkompetysje leit yn elts gefal oant heal desimber stil. It KNKV (Koninklijk Nederlands Korfbalverbond) hat yntusken in rûtekaart makke mei mooglike kompetysjes op ferskillende begjinpunten. By LDODK op De Gordyk binne op it stuit oanpaste trainingen en dêr wachtet de seleksje yn spanning op it sein fan it regear dat de amateursport wer los mei en de Kuorbal League úteinsette kin.
Korfbal League uitgesteld: Henk Jan Mulder

Gjin kontakt

De kuorballers fan 18 jier en âlder meie gjin ûnderling kontakt ha, dus gjin (oefen)wedstryd-foarmen. Op 'e training moatte de spilers yn fêste 4-tallen wurkje en ûnderling op 1,5 meter ôfstân fan inoar bliuwe. Dat betsjut dus gjin duels en gjin wedstryd-training.

Koarte tarieding kompetsyje

It is op it momint saak om fit te bliuwen en klear te wêzen foar in mooglike kompetysjestart. Sadree't it sein op grien komt, krije de klups tsien dagen de tiid foar reguliere trainingen en eventueel in oefenwedstryd. Oant dy tiid wurket de seleksje oanpaste trainingen ôf.
Erwin Zwart en Marloes Frieswijk oer kuorbal yn coronatiid:
Kuorbal League útsteld, wat binne de opsjes foar LDODK?
It Nederlânsk kuorbalteam hat de A-status by it NOC*NSF. Dat hâldt yn dat de spilers fan Oranje (oefen)wedstriden spylje meie en ek op de training ûnderling tsjin inoar spylje meie. Dat kinne de measte oare spilers net.
Jan Sjoerd Pool is âld-trainer fan LDODK en no bestjoerslid Technyske Saken. Hy tinkt dat de topteams mei in soad ynternasjonals dêr foardiel fan hawwe by de start fan de Kuorbal League om't sy sa dus wedstriidfit oan de kompetysje begjinne.
Jan Sjoerd Pool:
Jan Sjoerd Pool oer start KL
It kuorbal bûn hat in rûtekaart makke mei in tal opsjes om in sealkompetysje te starten sadree't der grien ljocht komt fan it regear.
Yn it koart komt it del op trije opsjes:
1. Start ein desimber
Hiele kompetysje mei 12 ploegen, dus 22 wedstriden. Dêrnei play-offs en finale (maaie)
2. Start jannewaris
Hiele kompetysje mei twa pûlen fan 6 ploegen, dus 10 wedstriden. Dêrnei play-offs en finale (april)
3. Start febrewaris
Heale kompetysje mei twa pûlen fan 6 ploegen, dus 5 wedstriden. Dêrnei play-offs en finale (april)
Foar mear ynformaasje sjoch op www.knkv.nl en klik op 'routekaart competitie.'
Ferslachjouwer Freark Wijma by LDODK
Argyfbyld © Orange Pictures