Steaten: deputearre moat rap jild regelje foar kultuerynstellings sûnder subsydzje

04 nov 2020 - 21:55

Koälysjepartijen PvdA, CDA, FNP en VVD yn Provinsjale Steaten wolle dat deputearre Sietske Poepjes dit kalinderjier noch jild regelet foar de kulturele ynstellings dy't yn augustus dit jier bûten de boat foelen by it ferpartsjen fan kulturele subsydzjes. Neffens de fjouwer partijen binne kultuerynstellings as Friesland Pop, Keunstwurk en it Frysk Lânboumuseum ûnmisber yn Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De koälysjepartijen jouwe kultuerdeputearre Poepjes dêrom ienriedich de opdracht om noch dit kalinderjier binnen de provinsjale begrutting alternative finansiering te regeljen foar dizze organisaasjes.

"Organisaties als Friesland Pop en de Friese kunstacademie doen veel aan talentontwikkeling en het begeleiden van jonge muzikanten en artiesten. Het zou daarom zonde zijn als we deze organisaties kwijtraken", seit fraksjefoarsitter Hetty Janssen fan de PvdA.

Weefflater

Janssen sprekt fan "een weeffout" by it ferdielen fan de subsydzjes út it Fonds Podiumkunsten yn augustus dit jier. Je kinne stypjende organisaasjes neffens har net lâns deselde latte lizze as profesjonele selskippen as it giet om kwaliteit en orizjinaliteit.

De list fan organisaasjes dy't de fjouwer partijen, as it heal kin, dochs graach stypje wolle, is lang. Njonken Friesland Pop, Keunstwurk en it Frysk Lânboumuseum giet it om it festival CityProms, de Friese Kunstacademie, Sense of Place, it Natuermuseum yn Ljouwert, it Skipfeartmuseum yn Snits en de Spitkeet op 'e Harkema.

Dúdlik sinjaal

Dy binne neffens de fjouwer partijen unyk en ferbûn mei Fryslân. Janssen rekkenet derop dat Poepjes noch wol wat regelje kin, mar fynt dat se wol opsjitte moat. "Ik denk zeker dat er nog wel geld te vinden is. De gedeputeerde is al met deze organisaties in gesprek. De opdracht van de Staten is een duidelijk signaal aan de gedeputeerde dat ze haar best moet doen."

Fraksjefoarsitter Hetty Janssen fan de PvdA yn de Steaten

(Advertinsje)
(Advertinsje)