Turnsters olympyske seleksje sille traine op It Hearrenfean

04 nov 2020 - 21:23

De Nederlânske turnster sille ynkoarten traine op It Hearrenfean. Dêr wurdt in nije turnhal foar harren ynrjochte, dêr't sy sintraal traine sille. De ferwachting is dat se der ein desimber of begjin jannewaris folslein yn kinne.

Foto: Shutterstock

De turnsters út de olympyske seleksje hawwe sûnt 23 septimber yn Nijmegen tegearre traind, mar elts by syn eigen trainer. Dy feroaring yn it programma wie in gefolch fan de beskuldigings troch âld-turnsters oan it adres fan ferskate coaches lykas Vincent Wevers en Gerben Wiersma.

Sy mochten yn septimber wer training jaan yn Nijmegen. Hjirby is ûnôfhinklike waarnimming en yntinsive mentale begelieding beskikber. "Voor de turnsters verandert er in Heerenveen niets, alleen de locatie wisselt", seit technysk direkteur Mark Meijer. De waarnimming en begelieding gean mei.

Gjin EK

De turnseleksjes nimme fanwegen de coronapandemy net diel oan de Europeeske kampioenskippen dy't yn desimber yn Turkije binne. De KNGU ûndersiket de mooglikheden foar it organisearjen fan in ferfangend toernoai foar junioaren en senioaren. Dizze wedstriid soe ek plak hawwe moatte op It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)