De Pleats yn Burgum hâldt húskes iepen foar besikers: "Wy fine it bespotlik"

04 nov 2020 - 21:11

Restaurant en partysintrum De Pleats yn Burgum hat syn húskes, nettsjinsteande de ferplichte sluting fan de hoareka yn ferbân mei it coronafirus, dochs iepensteld foar publyk. Neffens Eelke Duursma fan De Pleats is dat gewoan tastien en binne minsken wolkom om gebrûk te meitsjen fan harren sanitêr. Hy ropt kollega-ûndernimmers sels op om harren doarren ek iepen te stellen foar minsken dy't it húske brûke wolle.

De Pleats yn Burgum - Foto: Wikimedia Commons

"We meie iepen wêze foar ôfheljen en besoargjen en we hawwe tefolle minsken oan de doar stean mei de fraach oft se efkes nei it húske kinne", leit Duursma út. "Oant no ta moasten we nee sizze, want wy wiene ek yn de ferûnderstelling dat it antwurd nee wêze moast. Mar woansdeitemoarn binne wy brutaal wurden en hawwe we de doar wagewiid iepenset foar minsken dy't nei it húske moatte."

Bot wurdearre

Der ha woansdei njoggen minsken gebrûk makke fan it húske by De Pleats, fertelt Duursma. "We hawwe it netsjes byhâlden." By de measte ûndernimmers mei it publyk net mear nei binnen ta om harren behoefte te dwaan. "Wy fine dat bespotlik." De minsken kinne it bot wurdearje, neffens Duursma. "Ik ha gjin idee hoe't se it oars hawwe moatten hiene."

Moaie bykomst is dat minsken nei harren húskebesite freegje oft se in kofje to go meikrije kinne. "It binne allegear blide minsken. Wy wolle dochs de doar iepen hâlde foar kontakt mei de gasten. Nei de coronakrisis moatte je der wer wêze foar de gasten en dan moatte je no ek it lef hawwe om te sizzen dat je der foar ditsoarte problemen ek binne."

Iepenbier húske

Der hat in oantal wiken in iepenbier húske stien yn it sintrum Burgum. "De gemeente hat doe kreas in geboutsje betelle en út de ûndernimmersferiening wei hawwe we it ûnderhâld dêrfoar betelle, mar sjoen alle besunigings sei de gemeente dat se dêrmei opholden."

De Veiligheidsregio hat net reagearre op it feit dat De Pleats syn húskes iepensteld hat. "De boargemaster hat sein dat er it in goed inisjatyf fynt. Hy sei wol dat er noch net wit dat de reaksje fan de Veiligheidsregio wêze sil, dus dêr wachtsje ik noch op", seit Duursma.

Hy seit in soad stipe te krijen fan kollega-ûndernimmers. "Ik wol eltsenien oproppe dat we mei ús allen soargje dat we de toiletfoarsjenning goed op oarder hawwe en dat we dit tastean."

Eelke Duursma fan De Pleats

(Advertinsje)
(Advertinsje)