Swimbaden dochs folslein ticht; swimlessen meie ek net

04 nov 2020 - 20:25

Swimbaden moatte dochs twa wiken lang folslein de doarre slute. De Ryksoerheid makke earder noch bekend de ferswierjende coronamaatregels net foar bern oant en mei 12 jier jilde soene en dat swimlessen trochgean koene, mar komt dêr no op werom. Der mei de kommende twa wiken gjin swimles jûn wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

It kabinet makke tiisdeitejûn bekend dat alle publyk tagonklike foarsjennings, wêrûnder swimbaden de doarren slute moasten. Swimlessen, lykas diploma- en skoalswimmen, foar bern oant en mei 12 jier mochten wol trochgean.

Woansdeitemoarn wie der noch in soad ûndúdlikheid by de swimbaden oer dizze kwestje. Sportaktiviteiten foar bern meie nammentlik de kommende tiid trochgean, mar swimbaden moatte ticht. De Ryksoerheid is yntusken werom kaam op de kwestje: de swimlessen binne de kommende twa wiken hielendal fan de baan.

It ferswierringspakket fan de oerheid jildt foar de kommende twa wiken. Dêrnei gean we yn Nederlân wer werom nei de 'gedeeltelijke lockdown'. As it oantal coronabesmettings yn bepaalde gebieten dochs tanimt, kinne dêr regionale maatregels naam wurde.

Yme Waterlander, foarsitter fan it swimbûn KNZB Noord

(Advertinsje)
(Advertinsje)