Aldere meiwurkers Huhtamaki kinne trije jier earder ophâlde mei wurkjen

Aldere meiwurkers fan aaidoazefabrikant Huhtamaki yn Frjentsjer kinne trije jier foardat se mei pensioen gean, ophâlde mei wurkjen. Dat is ien fan de regelingen dy't stiet yn it nijste CAO-bod dat de direksje fan it bedriuw dien hat.
Huhtamäki, Frjentsjer © Omrop Fryslân
By Huhtamaki yn Frjentsjer en Ljouwert wurkje yn totaal sa'n 200 meiwurkers. De fakbûnen CNV en FNV lizze it útstel neutraal foar oan de leden. Dêrtroch gean fierdere aksjes foarearst net troch.
It personiel drige woansdei te staken as Huhtamaki net mei in better CAO-bod kaam. Dy aksje waard lykwols útsteld om't it bedriuw tiisdeitejûn oankundige mei in better bod te kommen.

Ynspraak en leansferheging

Njonken de opsje dat âldere meiwurkers earder ophâlde kinne mei wurkjen, krijt it personiel ek mear ynspraak oer feiligens op de wurkflier en in leansferheging fan 2,4 persint en ien kear in útkearing fan 150 euro.
De leden fan de fakbûnen kinne oant takom wike tiisdei digitaal of oer de post stimme. Yn ferbân mei de strangere coronamaatregels kinne de leden net yn in seal by elkoar komme.
Liza van Nuysenburg fan FNV Industrie