Tûke sensoaren mjitte oft Stephensonfiadukt yn Ljouwert ta is oan ferfanging

04 nov 2020 - 18:48

Sensoaren mjitte de kommende jierren oft it Stephensonfiadukt yn Ljouwert net tefolle trochbûcht, ferskoot of op in oare wize feroaret. Sa wurdt yn de gaten hâlden wannear't it fiadukt ferfongen wurde moat. Offisjeel moat dat pas oer in jier as tweintich, mar mei behelp fan dy sensoaren kin sjoen wurde oft it fiadukt eventueel noch langer mei kin.

De sensoaren mjitte aardich krekt. "Als er een vrachtwagen overheen rijdt dan pikt die sensor dat op", fertelt Erik Deuring fan it bedriuw dat de sensoaren betocht hat. "Maar de sensor kan ook zien of, wanneer er over een paar maanden een vrachtwagen eroverheen rijdt, het viaduct daar dan anders op reageert."

Mei de nije technyk wurdt it fiadukt ien fan de earste tûke fiadukten fan Nederlân. As de technology goed wurket, is it de bedoeling om se op mear plakken op te hingjen. Dat moat derfoar soargje dat brêgen en fiadukten feiliger wurde, mar ek langer meigean.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga praat mei Erik Deuring

(Advertinsje)
(Advertinsje)