'Reedrydbubbel' yn Thialf mei twa wrâldbekers nei EK's

04 nov 2020 - 18:18

De ynternasjonale reedryduny ISU hat it plan om in reedrydbubbel te kreëarjen yn Thialf dochs noch goedkard. Om dy reden binne de EK allround en de EK sprint mei in wike opskood nei 16 en 17 jannewaris. Yn de wykeinen dêrnei sille der twa wrâldbekerwedstriden hâlden wurde yn it iisstadion op It Fean.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Earder woe de ISU noch net oan it plan fan it reedrydbûn KNSB en House of Sports om dit neijier yn Thialf in oantal wykeinen efter inoar wrâldbekerwedstriden te hâlden yn in bubbelkonsept, wêryn't reedriders, begelieders en officials út de ynternasjonale reedrydwrâld in feilige en beskerme omjouwing harren sport beoefenje kinne. It bûn fûn doe de situaasje oangeande it coronafirus noch te ûnfoarsisber.

Plan helber

No achtet it mondiale bûn it plan helber foar jannewaris 2021. De ISU hat sjoen dat de NK ôfstannen fan ôfrûne wike goed ferrûn binne en dat Thialf yn steat is in feilige bubbel te kreëarjen.

"Wij hebben laten zien dat we een groot toernooi op professionele en veilige wijze kunnen organiseren en zijn uiteraard heel blij dat we dit nu ook met deze drie internationale wedstrijden mogen doen", seit Herman de Haan, direkteur-bestjoerder fan it KNSB. "Het betekent weer drie weekends topschaatsen op tv, wat zowel voor de sport als het publiek goed nieuws is."

Jannewaris

De twa wrâldbekerwedstriden binne pland yn de wykeinen fan 22, 23 en 24 jannewaris en 29, 30 en 31 jannewaris. De ISU hat ek besletten it EK shorttrack yn it Poalske Gdansk in wike letter te hâlden, fan 22 oant en mei 24 jannewaris.

(Advertinsje)
(Advertinsje)