Restanten 'Camminghaburg' foar it ljocht kaam by archeologysk ûndersyk
By archeologysk ûndersyk yn de buert fan it Cambuurstadion binne de oerbliuwsels fan it terrein fan 'Camminghaburg' oantroffen. It giet ûnder oare om grêften om de oprydleane hinne dy't nei de boarch ta rûn.
Op it plak dêr't de fynsten dien binne komme 24 enerzjy-neutrale wenningen fan Elkien te stean. By it begjin fan it wurk wie al dúdlik dat der mooglik guod fan archeologyske wearde yn de grûn sitte koe.
De lokaasjes oan de Schoppershofstrjitte, de Kalverstrjitte en it Cambuursterpaad lizze op it stik grûn dat eartiids by it terrein fan 'Camminghaburg' hearde. De boarch is yn 1810 sloopt.
It ûndersyk wurdt dien troch yngenieursburo Mug. "We hebben een oude kaart over het huidige stratenplan gelegd. Zo konden we de locaties van de sleuven die we graven voor het onderzoek heel precies bepalen. De verwachting dat er overblijfselen van grachten en bijgebouwen aangetroffen zouden worden die bij het burgterrein horen, is nu bevestigd", seit Cuno Koopstra fan Mug.
Njonken in soad boumateriaal lykas tegels en stiennen hawwe de archeologen ek stikken fan gebrûksfoarwerpen foar it ljocht helle. It giet dan om diggelguod, itensiedersguod, klaaipypkes, restanten fan in hynstetúch en in boekbeslach.
Fierders binne der sulveren munten út Fryslân en Grinslân fûn. Opfallende saken binne in berneskoechje en in lekkenlead mei de opskriften 'Leeuwarden' oan 'e iene kant en '1646' oan 'e oare kant. In lekkenlead is in soart segelmerk. It jout oan hokker stof it is, wêr't de stof makke is en wat de kwaliteit is.
Foar de boufak klear
It archeologysk ûndersyk duorret trije wiken. De nije wenningen wurde nei ferwachting foar de boufak noch oplevere.