Plan KNVB moat amateurfuotbal wer mooglik meitsje

04 nov 2020 - 17:15

De KNVB hat in plan presintearre wêrmei't it wer mooglik wurde moat om amateurfuotbalwedstriden te organisearjen. It bûn hopet yn it wykein fan 16 en 17 jannewaris de kompetysjes wer op te starten.

Fuotbal - Foto: Shutterstock.com

De KNVB hat yn it plan fazes opsteld, dy't lyk rinne mei de corona-rûtekaart fan it kabinet. Ofhinklik fan it risikonivo kin der sprake wêze fan allinnich trainen, fan oefenwedstriden en úteinlik wer fan it spyljen fan in kompetysje mei in beheind tal publyk.

By it senario fan in start yn heal jannewaris komme de bekerkompetysjes te ferfallen, en wurdt der oant juny 2021 trochspile. De neikompetysje komt dan ek te ferfallen, wêrtroch't de promoasje/degradaasjeregelingen oanpast wurde moatte.

Plan B

"Natuurlijk willen we zo snel mogelijk weer veilig wedstrijden voetballen, dat is waarom je lid wordt van een voetbalvereniging", seit Jan Dirk van der Zee, direkteur amateurfuotbal. "Maar de huidige situatie vraagt om verschillende scenario's voor de competities en gevarieerde voetbalvormen voor als wedstrijden niet zijn toegestaan. Want we moeten in beweging blijven, voor onze gezondheid en om de verenigingen in leven te houden."

It "Plan B: Blijven voetballen in tijden van corona" is makke yn oerlis mei oare sportbûnen en is yntusken ek dield mei it ministearje fan Folkssûnens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)