Gytsjerkse hie 9 glêzen wyn en kalmearringsmiddel op by botsing

04 nov 2020 - 16:53

In 46-jierrige ynwenster fan Gytsjerk dy't begjin novimber 2019 belutsen wie by in ferkearsûngelok by de Tegeltsjesbrêge by Gytsjerk is woansdei troch de plysjerjochter feroardiele ta in boete fan 1.000 euro en in rydûntsizzing fan njoggen moannen.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De frou wie de brêge al hast foarby, doe't se in tsjinlizzer rekke. De auto fan de Gytsjerkse bedarre op 'e side yn de berm. Tsjinoer de plysje hie se ferklearre dat se njoggen glêzen wyn op hie en dat se it kalmearringsmiddel oxazepam brûkt hie.

Soantsje op achterbank

It kwealikst fûn de offisier fan justysje dat it 10-jierrige soantsje fan de frou op de achterbank siet. De jonge wie sûnder kleanskuorren út de auto helle. "Dat u doelbewust met negen glazen wijn en oxazepam op achter het stuur gaat zitten, daar schrok ik van", sei de offisier.

De frou sei dat se fan tefoaren net wist dat se dy dei noch ride moast. De medisinen naam se foar earsûzen. As it piiplûd yn har ear te slim waard, naam se ek wolris wat alkohol. De alkoholtest kaam út op 905 miligram, mear as fjouwer kear safolle as de tastiene hoemannichte.

Rydbewiis by CBR

Sûnt it ûngelok hat de frou nei eigen sizzen net mear dronken. Har rydbewiis leit al hast in jier by it CBR (Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen). As se oantoane kin dat se geskikt is om oan te ferkear diel te nimmen, krijt se it rydbewiis yn febrewaris werom.

De rjochter feroardiele har foar riden ûnder ynfloed en net foar gefaarlik riden. Dêr wie de Gytsjerkse wol foar dage, mar de rjochter seach net genôch bewiis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)