Teätermakkers frustrearre troch coronamaatregels

04 nov 2020 - 16:44

Teätermakkers en artysten binne bot frustrearre troch it sluten fan de teäters. Foarstellingen gean net troch, ek al is it yn teäters feiliger as yn winkels.

Teätermakkers frustrearre troch maatrege;ls

De teätermakkers begripe wol dat der wat dien wurde moat tsjin de fersprieding fan it coronafirus. Mar tagelyk is it soer dat sy yn de ôfrûne moannen fan alles betochten om de foarstellingen coronaproof te meitsjen, en dat der no ynienen neat mear opfierd wurde kin.

Sa hie Eelco Venema mei it selskip Homsk yn De Lawei yn Drachten alles klearmakke foar de muzikale teätersjo Kamaloka. Ek dy giet net troch.

Unrjocht

"We hawwe ús yn alle bochten wrongen om it yn de rjochtlinen te passen, mar nei juster giet der wer in streek trochhinne. Dit hawwe we yn maart ek al meimakke. Mar no fielt it mear as ûnrjocht", fynt de teätermakker.

"Winkels en sportskoallen bliuwe wol iepen. Ik mis de logika, want ik tink dat it teäter it meast feilige plak is om te wêzen. It is hiel soer en dat jildt foar alle teätermakkers, muzikanten, skouboargen en artysten. Se stekke der in soad leafde en passy yn en no kin it net trochgean."

(Advertinsje)
(Advertinsje)