Wiebes set it swart op wyt: seis miljoen yn it jier foar gaswinning Ternaard

04 nov 2020 - 16:09

As der gas helle wurdt út it gasfjild by Ternaard, soarget dat definityf foar in bydrage fan seis miljoen euro yn it jier yn in spesjaal fûns foar Ternaard en Wierum. Dat hat minister Eric Wiebes befêstige yn in brief oan de gemeente Noardeast Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Earder wiene dêr al ôfspraken oer makke, mar dy wiene noch net offisjeel fêstlein. Uteinlik kin it bedrach yn it fûns oprinne oant 60 miljoen euro. Dat bedrach moat betelle wurde troch it bedriuw dat it gas út de grûn hellet.

It is foar it earst dat sokke ôfspraken makke binne mei bewenners fan doarpen dy't lêst hawwe fan de gaswinning.

Noardeast Fryslân sprekt fan in moai resultaat, ek al bliuwt de gemeente formeel noch hieltyd tsjin de gaswinning by Ternaard. It is lykwols de minister fan Ekonomyske Saken dy't giet oer de gaswinning.

It jild út it fûns kin bestege wurde oan projekten dy't de ekonomyske posysje fan it gebiet ferbetterje, foar it tsjingean fan fersilting en foar de enerzjytransysje.

Trefwurden: 
gaswinning Ternaard fûns
(Advertinsje)
(Advertinsje)