Suderpier Harns tydlik ôfsletten yn ferbân mei ûnderhâld

04 nov 2020 - 15:54

Fytsers en kuierders kinne mei yngong fan moandei 9 novimber maksimaal twa wiken lang net gebrûk meitsje fan de Sudepier yn Harns. De pier is yn dy perioade op wurkdagen tusken 8.00 oere moarns en 16.00 oere middeis ôfsletten yn ferbân mei ûnderhâld.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Wetterskip Fryslân bringt tusken de basaltblokken oan de Waadseekant fan de pier nije stienslach (brutsen stien) oan, omdat de âlde stienslach fuortspield is. Sa wurdt de pier fersterke en bliuwt it achterlizzende havengebiet beskerme tsjin heechwetter.

De wurksumens barre yn it stoarmseizoen, dat op 1 oktober úteinset is, om't der yn dat seizoen gruttere tijferskillen binne as yn de simmer. Hjirtroch spielt de stienslach better yn de foegen tusken de basaltblokken. Under de wurksumens binne der gjin risiko's foar de feiligens fan de pier, skriuwt it wetterskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)