Undersyk: Tsiis meitsje op eilannen kin út

04 nov 2020 - 14:47

It lokaal en duorsum meitsjen fan tsiis fan molke fan boeren op de waadeilannen Skylge, it Amelân en Skiermûntseach is helber. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de hegeskoalle Van Hall Larenstein, yn opdracht fan trije ûndernimmers op de eilannen en de provinsje Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

It ûndersyk past by de ambysje fan de provinsje om de eilannen mear sirkulêr te meitsjen. De bedoeling is om mear molke op de eilannen te ferwurkjen ta tsiis. Sa is der minder transport fan molke nei de fêste wâl nedich.

By it meitsjen fan tsiis bliuwt wei oer as restprodukt. Van Hall Larenstein hat ûndersocht wat foar mooglikheden der binne om dêr noch wat mei te dwaan. Neffens Van Hall soe ferwurking fan de aaiwiten út de wei ta iis of ta Italiaanske tsiis (ricotta) it measte opsmite.

(Advertinsje)
(Advertinsje)