Sauna's meie dochs iepenbliuwe, en ek swimlessen geane troch

De swimlessen foar bern kinne gewoan trochgean, sa lit de feilichheidsregio witte, nei fragen fan Omrop Fryslân. Woansdeitemoarn wie der noch in soad ûndúdlikheid by de swimbaden oer dizze kwestje. En ek sauna's hiene in soad fragen nei de parsekonferinsje fan tiisdei.
Sauna's meie dochs iepenbliuwe, en ek swimlessen geane troch
Sportaktiviteiten foar bern meie de kommende tiid noch gewoan trochgean, mar swimbaden moatte ticht. Dizze twa boadskippen byinoar soargen by in soad swimbaden foar argewaasje, want wat betsjut dit dan foar de swimlessen.
Ek by it RIVM en by de Feilichheidsregio wie der ûndúdlikheid oer dizze kwestje. Nei oanlieding fan fragen fan Omrop Fryslân kaam de befêstiging dat de swimlessen foarearst trochgean meie, mar dat de baden foar rekreative saken ticht moatte.

Swimbadprotokol

Fraach bliuwt noch wol hoe't it komt mei bygelyks wetterpolo en aquagym. Neffens de feilichheidsregio komt hjir de kommende dagen mear dúdlikheid oer. Der komt in swimbadprotokol fanút Den Haag.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De hiele gong fan saken soarget foar in soad frustraasje by de swimbaden. Bygelyks by Swimfun op 'e Jouwer, dêr't se woansdeitemoarn noch gjin idee hiene hoe't it der no foar stie. Dita Pauw: "Op dit momint is it foar ús net dúdlik oft de lessen trochgean kinne. Hjoed wurdt der yn alle gefallen noch gewoan swommen."
It bad hat tiisdeitejûn fuort berjocht dien dat se fan woansdeitejûn ôf folslein ticht binne. "Minsken dy't al in ticket kocht hawwe foar deirekreaasje, krije it jild wer werom. Foar abonneminten sit der faak in jildichheid oan, wy sille sjen oft dat ferlinge wurde kinne."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Sauna's

Ek by sauna's wiene der grutte fraachtekens nei oanlieding fan de parsekonferinsje, want meie se no iepen bliuwe as net? De ûndúdlikheid ûntstie eins troch it lekken fan in tal maatregels foarôfgeand oan de parsekonferinsje. Doe't RTL Nieuws nei de parsekonferinsje ek noch ris it nijs brocht dat de sauna's yndie ticht moasten, wist eins gjinien mear wat er leauwe moast.
Eric Humme fan sauna De Leeuwerikhoeve yn Burgum: "Er was gelijk onduidelijkheid." Hy snapte it al net dat de sauna's ticht moatte soene. "Totaal onverwacht voor ons, want bij de vorige coronagolf werden we meegenomen met de sportscholen." En krekt de sportskoallen krigen no in útsûnderingsposysje fan it regear. "Later pas werd het gerectificeerd." Se meie dus dochs iepen bliuwe.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Readgleon

De gong fan saken is tige ferfelend foar de sauna's. "We werden overspoeld met telefoontjes gisteravond." Minsken woene fuortendaliks harren ôfspraken fersette of ôfsizze.
"Voor de branche is dit natuurlijk schadelijk, want mensen denken meteen dat ze niet hoeven te reserveren." De sauna's hawwe de hoareka al ticht, "het was al geen vetpot meer, maar als ze dan gaan roepen dat sauna's dicht moeten is het al helemaal slecht."