Besunigings op De Wâldsang wurde trochset, nettsjinsteande hantekenaksje

04 nov 2020 - 11:32

De oankundige besunigings op muzykskoalle De Wâldsang yn Dantumadiel wurde trochset. In wizigingsfoarstel fan trije partijen om ien kear 7.000 euro te besunigjen helle it tiisdeitejûn net op de riedsgearkomste.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Mei it foarstel fan it CDA, de VVD en de FNP soe it kultuersintrum de strukturele subsydzje hâlde kinne. Mar it foarstel waard mei tsien stimmen tsjin sân ferwurpen.

Boargemaster Agricola krige moandei noch in petysje mei 4.000 hantekens, om de besunigingen foar te kommen. Mar dizze aksje hat dus neat úthelle. Der sil no yn totaal 17.000 euro besunige wurde op it muzykûnderwiis en de biblioteken.

Dit is in artikel fan RTVNOF.

(Advertinsje)
(Advertinsje)