Meardere fertochten yn Drachten oanhâlden foar hannel yn harddrugs

04 nov 2020 - 11:09

De plysje hat ôfrûne wykein yn Drachten fjouwer fertochten oanhâlden foar de hannel yn harddrugs.

Foto: Ben de Jager, Omrop Fryslân

Doe't de plysje freed in ynfal die yn in wenning oan de Alferhof yn Drachten, besochten twa fan de fertochten harren te ferstopjen yn de wc. Hjir woene se boltsjes kokaïne fuortspiele. De plysje wie der lykwols krekt op 'e tiid by om dit foar te kommen.

De fjouwer binne oanhâlden.

Trefwurden: 
plysje Drachten harddrugs
(Advertinsje)
(Advertinsje)