"Fiskers moatte mear kwotum meinimme kinne nei takom jier"

04 nov 2020 - 10:39

Fiskers moatte in grutter part fan harren fangst nei takom jier útstelle kinne, dat fine trije partijen yn it Europeesk parlemint. It CDA, de SGP en de ChristenUnie wolle dat fiskers 25 prosint fan harren kwotum meinimme kinne nei 2021.

In fiskersboat foar de haven fan Harns - Foto: Shutterstock.com (Migiel Francissen)

Gewoanwei meie fiskers mar tsien prosint fan harren kwotum meinimme nei it nije jier. Mar fanwege de coronakrisis is de fraach nei fisk keldere.

"Het heeft geen nut om vis te vangen voor gesloten restaurants. Beter is de vangst uit te stellen tot volgend jaar, het visbestand kan zich ondertussen verder vermeerderen", seit Bert-Jan Ruissen fan de SGP.

In fergelykbere maatregel is yn 2014 brûkt doe't in Russyske boykot soarge foar in delgong yn de fraach nei fisk.

Neffens de partijen wolle fiskers en harren húshâldings dúdlikheid hawwe, benammen om't de ein fan it jier rap tichterby komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)