Bestimmingsplannen grutte hobbel yn nij wynmûnebelied Provinsje

04 nov 2020 - 10:15

Yn meardere gemeentes yn Fryslân binne der fragen oer it nije wynmûnebelied fan de Provinsje. Yn de simmer hat provinsje Fryslân besletten dat boeren maksimaal trije wynturbinen op it hiem meie, mei in ashichte oant 15 meter. Mar bestimmingsplannen smite hobbels op.

Lytse wynmûne - Foto: Google Street View

Yn de gemeente Ljouwert stelt PAL GrienLinks fragen oan de gemeenteried oer de kwestje. De partij wol graach dat mear boeren meidogge oan de enerzjytransysje, mar de bestimmingsplannen yn de gemeente lykje hjir op dit stuit gjin romte foar te jaan.

Ek yn Achtkarspelen spilet it probleem. Dêr hat Gemeentebelangen fragen steld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)