Soad ynset op behâld lânbou yn nije provinsjale feangreideplannen

04 nov 2020 - 10:02

Yn Wâldsein is woansdei it nije ûntwerp Feangreideplan presintearre foar de perioade 2020-2030, mar ek mei in each op de doelen yn 2050. Opfallend is dat der ynset wurdt op it behâld fan de lânboufunksje fan Fryske feangreidegebieten. Mei dêrtroch is in soad jild nedich: 550 miljoen euro. En dat wylst der no noch mar 66,55 miljoen euro yn kas sit. Mar de provinsje, Wetterskip, de belutsen gemeenten en belanghawwende partijen hawwe dêr wat op fûn mei in stap-foar-stap oanpak fan ûnderen op.

Soad ynset op behâld lânbou yn nije provinsjale feangreideplannen

Kearn fan it probleem dat no oanpakt wurdt, is dat de laach fean hieltyd tinner wurdt yn de feangreidegebieten trochdat it meastentiids foar de lânbou drûchlein is. Dan begjint it fean ôf te brekken wêrby't der ek in slompe CO2-gas frijkomt. En dat kinne wy net brûke as wy klimaatferoaringen beheine wolle. Dat ynklinken fan it fean giet ek hieltyd troch omdat it jierren sa wie dat mei it fuortsakjen fan it lân ek it wetterpeil mei ferlege waard, sa't boeren mei harren masinen gewoan oan it wurk koene op harren lân.

De gefolgen bliuwe net beheind ta de lânbou. Der ûntsteane ek problemen mei de fundearring fan gebouwen en huzen en der moat hieltyd hurder en djoerder wurke wurde om it wettersysteem goed wurkje te litten, wylst ús klimaat ek nochris feroaret.

Natuerwearden

Dêrby komt noch dat de natuerwearden dy't by feangreiden hearre mear ûnder druk komme te stean. It ferskaat oan bisten, fûgels en planten nimt hurd ôf. En de natuergebieten dy't meastentiids út sompe bestean, driigje te ferdrûgjen. Mar hydrologysk is der mear oan de hân. It wetter út hegere gebieten streamt hieltyd mear nei de hieltyd leger lizzende feangreiden.

Dat smyt it sâlter wurden fan de klaaigrûnen by see op en it útdrûgjen fan de hegere sângrûnen yn súdeast-Fryslân. Yn de plannen is ek wat romte makke foar it idee fan in apart Nasjonaal Park foar de feangreide. Dat soe mei it 'vermarkten' fan it gebiet helpe kinne, mar soks kin fansels allinnich as it der ek goed giet mei de natuer.

Ien fan greidefûgels dy't thús heart yn it feangreidegebiet: de ljurk - Foto: Omrop Fryslân & Remco de Vries

It hielendal tsjinhâlden fan it ynklinken fan it fean kin net, mar it moat wol beheind wurde. De klam leit op maatregels yn gebieten mei in feanpakket fan 80 sintimeter of mear en in klaaidek fan 40 sintimeter of minder omdat dêr de measte winst te heljen is. Dêr moat it wetterpeil yn trochsneed omheech nei 40 sintimeter ûnder it meanfjild yn stee fan de 90 sintimeter of mear dy't no gebrûklik is.

Mar dêrby jildt wol dat der safolle mooglik lokaal maatwurk levere wurdt en dat dat peil fleksibel ôfstimd wurdt op it waar, it seizoen en it ferlet oan wetter. Uteinlik betsjut dat wol dat der minder wetter opfongen wurde kin. Dus moatte de sleatten breder of komme der ekstra sleatten.

Dat betsjut ek dat de peilfakken feroarje kinne. Gebieten dy't net oan de kritearia foldogge, falle net hielendal bûten de boat. Der wurdt ek sjoen nei in buffersône om de natuergebieten hinne en as der op oare plakken kânsen lizze, kinne dy mooglik ek noch meidwaan.

De Hege Warren en Aldeboarn

Plannen wurde pas útfierd as dêr foldwaande jild foar is. Der wurdt op rekkene dat op termyn mear jild beskikber komt. Der wurdt ek tocht oan it fûns dêr't ek privaat jild yn dien wurde kin. Mei wat der no yn kas is, wurdt der begûn yn twa gebieten: De Hege Warren by Aldegea yn Smellingerlân en de feangreiden by natuergebiet De Deelen by Aldeboarn.

Dêr wurdt al hurd wurke oan inisjativen dy't it fean beskermje moatte. As it jild der is kinne der fjouwer gebieten by komme: de Brekkenpolder by De Lemmer, de Groote Veenpolder by Ychtenbrêge, Idzegea en it Grouster Leechlân. Ek dêr wurdt no al wurke oan feanbehâld.

Natuergebiet De Deelen mei Aldeboarn - Foto: Omrop Fryslân & Remco de Vries

Krekt as eardere plannen stiet it behâld fan de lânboufunksje sintraal. Mar it is ek dúdlik dat mei de foarnommen peilferleging boeren minder opbringst hawwe sille en dat de wearde fan harren lân omleech giet. Dat wurdt kompensearre en dat ekstra jild moat boeren helpe om harren bedriuw oan te passen op de nije werklikheid.

Kavelruil, grûnoankeap en ek bedriuwsferpleatsing binne oare ynstruminten. Je hawwe foar eltse ko no gewoan mear lân nedich. De útdaging bliuwt fansels om mei dy ekstinsivere wize fan buorkjen dochs noch jild te fertsjinjen. Binnen de saneamde regiodeals wêrby't it Ryk ek jild jout, wurdt besocht dat foar inoar te krijen. Je kinne tinke oan fergoedingen foar it fêsthâlden fan it fean, en dus fan CO2, wêrby't ynset wurdt op it besteande projekt fan de Fryske Miljeu Federaasje 'Valuta voor Veen' in rol spylje kin.

Sinnegreiden

Mar der binne mear 'tsjinsten foar de mienskip' dêr't boargers, bedriuwen en oerheden de boeren foar betelje kinne, lykas wetterberging of saken dy't goed binne foar de natuer en it lânskip. By Aldeboarn is by trije bedriuwen trochrekkene hoe't je de neidielen fan in heger peil oplosse kinne. Der komme ek mooglikheden om sinnegreiden ûnder betingst oan te lizzen op stikken lân dy't te wiet wurde. Ek alternative wiete teelten kinne in part fan de oplossing wêze. Boeren krije ek advys op maat. En de maatregels wurde fan ûnderen op, yn petear mei de belanghawwenden yn de streek, naam.

Rûch waar boppe de feangreide - Foto: Omrop Fryslân & Remco de Vries

Om't der yn de feangreidegebieten safolle saken spylje, wurdt ek besocht de oplossingen mei-inoar te ferbinen. Sa is der bygelyks in ryksynset op de saneamde 'kringloop of natuerynklusive lânbou' mei it jild dat dêr by heart. Der binne problemen mei tefolle stikstof en de oplossingen dy't dêr wer by hearre.

Troch problemen en oplossingen mei-inoar te ferbinen komt der úteinlik ek mear jild beskikber. Yn it 89.000 bunder grutte feangreidegebiet lizze 1.100 agraryske bedriuwen: 900 dêrfan binne melkfeehâlders. Dy lânbou wurdt 'onmisbaar' neamd yn de plannen.

Deputearre Douwe Hoogland

Hans van der Werf fan de Fryske Milieu Federaasje

Geart Benedictus

(Advertinsje)
(Advertinsje)