Kollum: "Stimbus yn de feangreide"

04 nov 2020 - 08:50

"De stimmerij yn Amearika is blykber wichtiger as ús corona, as je hearre hoefolle tiid de media der oan fergrieme. It sil útwize dat in wike lang stimme, eventueel sels oer de post, net wurket. Ik foarsis jimme dat de gaos dêr sa grut wurde sil, dat der oer trije moanne wer nije ferkiezingen komme.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Dat sil ek it gefolch wêze fan de plannen fan minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken. Sy wol dat wy yn maart trije dagen yn de oardel-meter-rige stean meie of ús stim ek oer de post stjoere. Bestiet de post hjir eins noch wol?

Bongelders as Baudet sille no besykje fan alle deminte âlderein yn fersoargingshuzen in hantekening te krijen en dy dan fia de post op te stjoeren. En bongelders as Wilders sille yn 17 rjochtsaken soargje dat wy oer sis mar trije jier de útslach witte. Wy kinne net iens oer de kompjûter stimme, om't dat net fertroud is. Hoe soene wy ús dan no rêde kinne mei trije dagen en snústerige briefkes. Achte Keamerleden, gean asjebleaft net mei Ollongren yn see, oars fersûpe jimme.

Dy Keamerleden hearre my lykwols net, want dy binne dwaande om harren ferkiezingsfolders nei de boargers te bringen. Nee, net oer de post, mar oer de media. Trump en Rutte oan de kant, hjir komme we.

It earste wat Lodewijk Asscher snein yn Buro de Vries sei, wie dat ek syn PvdA ûntdutsen hat dat der njonken Amsterdammers ek noch Friezen nei de stimbus geane. Hy sei it wat oars, mar dat dogge politisy altyd. Hoewol't dit eksakt itselde boadskip wie wêrmei't it CDA al in pear dagen earder op paad wie. Regionalisearring neame se soks.

De goede oersetting fan dat wurd is trouwens net eltse partij jûn. It CDA wol dat de Fryske taal yn de Grûnwet komt. Krekt sa ûngelokkich as de FNP dy't as reaksje it Frysk yn it Statút foar it Keninkryk hawwe wolle. Dêr hiene wy noch noait fan heard, dat it bestie. As wy it Frysk net mei syn allen brûke op in gewoane wize, hawwe ditsoarte offisjele strapatsen gjin inkelde sin. Hokker mins begjint mear en better Frysk te sprekken, inkeld om't it yn de Grûnwet stiet?

Asscher prate snein frij maklik oer syn kredo wurk, wurk, wurk. Wat wifeljender kaam der út dat se allegeare dingen yn harren programma hawwe dy't de measte minsken yn Fryslân ek wolle. As sy dat ek dien hawwe foar oare gewesten dan is it in net-útfierber programma. Nim no it Waad. Se sizze al jierren en jierren dat der net nei sâlt en gas boarre wurde moat, mar dat giet gewoan troch.

Dat wylst Asscher yntusken dochs Den Uyl anno 1972 oan it imitearjen is: "Alles moet anders". En, ferdomd, om't hy hjir dochs wie, hie hy in lyts ekstra Frysk spjirrinkje. De Fryske feangreide. Dêr smite de sosjalisten ynienen in swierder ferhaal op tafel as wy hjir yn Fryslân ea tinke koene.

Asscher is it mei boerefijân Tjeerd de Groot fan D66 iens dat de boeren har wize fan lânboufieren oanpasse moatte om de feangreide. Dêr giet hy oerhinne: de feangreide moat Nasjonaal Park wurd. Lykskeakele mei it Drents-Friese Wold, de Lauwersmar, De Alde Feanen en Skiermûntseach. Poeh. Wy hawwe fertuteaze feangreide yn de trijehoek Dokkum-Wolvegea-Warkum. Wurdt dat in Nasjonaal Park. Tsjong.

Ja, ik skrik. Jimme ek. Want ynkoarten sil de provinsje sizze hoe't sy fan doel binne de feangreideproblematyk oan te pakken. Ferantwurdlik deputearre Douwe Hoogland mompele snein al dat sy fuortendaalks noch net oan in Nasjonaal Park ta binne. Hy hat it al dreech genôch om it tal milimeters wetter te bepalen wêrby't de grûn ferbetteret en de 800 boeren oan de slach bliuwe wolle. En no waard hy troch partijgenoat Asscher mei de kloaten foar it blok setten. Op it blok sels.

Want as je no ynienen Nasjonaal Park roppe, dan wurde de boeren folslein deilis. Sy hawwe no hekkele: it mais wie op tiid binnen, no kinne sy wer mei de trekker de dyk op. Polderjen wurdt it nammentlik noait wer, want de natuerminsken sille no ivich Asscher syn term Nasjonaal Park brûken bliuwe. Dit wurdt de Fryske Trump en Biden. Wat, dit wurdt in echte oarloch."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)